Springe nei ynhâld

Flagge fan Ballum

Ut Wikipedy
Flagge fan Ballum

De flagge fan Ballum is de flagge fan it doarp Ballum, op it Fryske Waadeilân It Amelân. De flagge waard yn 2015 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

In blauwe hijs fan 1/3 faggelingte, belein mei in boarch en de kaam fan it skyld, alles fan giel; in flecht fan sân like hege banen fan giel en swart.

De kleuren komme út it wapen fan Ballum.

  • Boarch: ferwiist nei it Camminghaslot, in state dy't bewenne waard troch de famylje Fan Cammingha.
  • Kaam: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Cammingha.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan It Amelân.