Springe nei ynhâld

Flagge fan Baarderadiel

Ut Wikipedy
Flagge fan Baarderadiel

De flagge fan Baarderadiel is de flagge fan de eardere gemeente Baarderadiel. De flagge waard op 22 maart 1962 registrearre.

It ûntwerp is fan K. Miedema út Boazum.

De flagge is net langer yn gebrûk omdat de gemeente Baarderadiel yn 1984 part wurden is fan Littenseradiel.

Noch foardat immen oars as de ûntwerper de flagge sjoen hie, rûn in bewenner al mei it flaggeûntwerp op 'e klean. De ûntwerper K. Miedema wie húsdokter en hie it wykein de flagge mei kryt op in doek ynkleurd, mei de eksamentafel as tekenboerd. Doe't in pasjint oerein kaam, die bliken dat it kryt troch it doek gien wie.

De beskriuwing fan de flagge is:

Rjochtsskean ferdield yn trije banen fan blau, swart en giel, wêrfan de diagonaalferdieling sich ferhâld as 3:1:3, mei op it swart twa giele seispuntige stjerren.

De kleuren komme út it wapen fan Baarderadiel.

  • Swarte baan: ferwiist nei de seedyk dy't troch de gemeente rint.
  • Twa stjerren: ferwiist nei de twa doarpen dy't beskerme waarden troch de seedyk.