Flagge fan Appelskea
Appearance

De flagge fan Appelskea (Stellingwerfsk: vlagge van Appelsche) is de flagge fan it doarp Appelskea, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. De flagge waard yn 1980 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije like hege banen fan read en wyt, op de wite baan trije lizzende rjochthoekige blokken; in giele broekingstrijehoeke belein mei in grien klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Appelskea.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Giele trijehoeke: ferwiist nei de pleatslike Boskberch en de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Klaverblêd: ferwiist nei de boskrike omkriten fan it doarp.
- Wite balke: ferwiist nei de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
- Trije turven: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.