Springe nei ynhâld

Flagge fan Aldegea (Smellingerlân)

Ut Wikipedy
Flagge fan Aldegea

De flagge fan Aldegea is de flagge fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. De flagge waard yn 1982 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultma-Vos.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn fjouweren dield fan goud en read op in tredde fanôf de broekside, it foarste diel belein mei in grien skean lizzend ikeblêd.

De kleuren komme út it wapen fan Aldegea.