Springe nei ynhâld

Flagge fan Aldegea (Súdwest Fryslân)

Ut Wikipedy
Flagge fan Aldegea

De flagge fan Aldegea is de flagge fan it doarp Aldegea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1999 registrearre.

It ûntwerp is fan R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije banen grien, giel en blau yn de ferhâlding fan 3:1:1, dêrfan binne de giele en de blauwe baan weagjend oanienslutend; yn de broektop in broektopfjouwerkant mei siden gelyk oan 1/2 flaggehichte, it fjouwerkant geare fan giel en read.

De kleuren komme út it wapen fan Aldegea.

  • Blauwe baan: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Griene baan: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Giele baan: ferwiist nei de diken. Ek ferwiist it nei de reidkragen lâns it wetter.
  • Broektopfjouwerkant: ferwiist nei it Doris Mooltsje, in mûne by it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Sudergoa.