Springe nei ynhâld

Flagge fan Aldebiltsyl

Ut Wikipedy
Flagge fan Aldebiltsyl

De flagge fan Aldebiltsyl is de flagge fan it doarp Aldebiltsyl, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.

De flagge fan Aldebiltsyl wie al bekend út it 'Wapenschild en Vlaggenboek' fan Gerrit Hesman út 1708. Om de flagge mear oansluting te jaan mei wapens fan oare plakken, waard der foarsteld om yn dizze flagge in saneamde broekingstrijehoeke ta te foegjen (lykas by oare flaggen en de flagge fan It Bilt). Yn de blauwe trijehoeke soen dan de helmstôk en de bile as ien gehiel opnommen wurde kinnen. Ek wie it de bedoeling fan de broekingstrijehoeke om de flagge te ûnderskieden fan it eardere wapen fan It Hearrenfean, dat bestie nammentlik út deselde kleuren. It soe dus samar de flagge fan It Hearrenfean wêze kinne.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije like hege banen fan grien, wyt en read.