Flagge fan Akkrum
Appearance

De flagge fan Akkrum is de flagge fan de flekke Akkrum, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 1986 registrearre.
By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa lingtebanen fan read en giel, mei in ferhâlding yn de lingte fan 2:1; yn de reade baan in giele kroan mei trije blêdden.
De kleuren komme út it wapen fan Akkrum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade fjild: stiet yn de heraldyk foar 'moed en opofferje'.
- Giele fjild: stiet yn de heraldyk foar 'wiisheid en rykdom'.
- Kroan: in saneamde "flekke-kroan", foarbehâlden oan plakken mei stedske skaaimerken.