Flagge fan Bears
Appearance
(Trochferwiisd fan Flag of Beers (Fryslân))

De flagge fan Bears is de flagge fan it doarp Bears, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Blau mei in giele poarte, steande op de broekside, en oanslutend op de boppe- en ûnderside fan de flagge, mei in trepgevel mei fiif trêden, dy't begjinne op ûngefear 2/3 flaggelingte en rinne oant 14/15 flaggelingte, en in poarte-iepening mei in breedte fan 3/5 flaggehichte en in hichte fan 8/15 flaggelingte; yn de poarte-iepening in wite omwarrende heale moanne fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Bears.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Giele poarte: ferwiist nei it poartegebou fan de Uniastate út 1616. De state sels bestiet net mear.
- Wite heale moanne: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Unia dy't de Uniastate bewenne.
- It wapen fan de famylje Fan Unia.