Flaanderen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flaanderenlân)
Flaanderen
Flaanderen (Vlaanderen)
Flaamske provinsjes
Lânkaart Flaanderen yn 1609

Flaanderen is it noardlike lânsdiel fan Belgje, dêr't benammen Nederlânsk sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it súdlike part Walloanje Frânsk is. De offisjele namme is de Flaamske Mienskip en it Flaamsk Gewest. De Flaamske Mienskap omklammet ek de Flamingen yn de Stedsregio Brussel. Yn it noarden fan Frankryk leit Frânsk-Flaanderen en yn it suden fan Nederlân Siuwsk-Flaanderen.

Flaanderen omfiemet de provinsjes:

  1. Antwerpen - haadstêd Antwerpen
  2. Limburch - haadstêd Hasselt
  3. East-Flaanderen - haadstêd Gint
  4. Flaamsk-Brabân - haadstêd Leuven
  5. West-Flaanderen - haadstêd Brugge

Klimaat en lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Flaanderen hearskje twa klimaattypen: oan de kust is der in echt seeklimaat en fierder it lân yn in lânklimaat. Oer it generaal wurdt it lânskip fan Flaanderen omskreaun as it lege part fan Belgje mei oan de kust strânen, folge troch in strook dunen mei polders. Nei it easten lizze de Kempen mei in protte bosken. De wichtichste rivier is de Skelde dy't by Nederlân yn de Noardsee útrint.

Oerheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flaanderen is in dielsteat fan Belgje, mei in eigen regearing, in eigen parlemint en in eigen begrutting. It Flaamsk Parlemint, dat om de 5 jierren op 'e nij ferkeazen wurdt, hat wetlik foech yn de regio Flaanderen. It foech fan de Belgyske federale oerheid en dat fan de Flaamske regearing wurde fêstlein troch demokratysk oerlis tusken de ferskate mienskippen en feroaret noch hieltyd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Belgje
Flagge fan Belgje
Flaanderen

Antwerpen - East-Flaanderen - Flaamsk-Brabân - Limburch - West-Flaanderen

Walloanje
Henegouwen - Luik - Lúksemboarch - Namen - Waalsk-Brabân

Brusselsk Haadstedsk Gewest