Springe nei ynhâld

Fjordlântúfpinguïn

Ut Wikipedy
Fjordlântúfpinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaitúfpinguïns (Eudyptes)
soarte
Eudyptes pachyrhynchus
G.R. Gray, 1845
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Fjordlântúfpinguïn of Fjordlântoefpinguïn (Eudyptes pachyrhynchus, Maoary: tawaki) is in Nijseelânske pinguïnsoarte. De pinguïn briedt oan 'e kusten fan Fjordlân en omlizzende eilannen en ek op Stewart Island.

De Fjordlântúfpinguïn is 55 oant 71 sm lang en weaget 2,1 oant 5,1 kg. It is in middelgrutte pinguïn en syn boppekant is swart mei in blauwe glâns oer de rêch. De kop is swart mei trije oant seis wite wangstreken; it is de iennige soarte fan it skaai mei dat skaaimerk. De goudgiele wynbraustreek is frij breed en oan 'e ein rinne de fearren nei ûnder oant op 'e nekke. De snaffel is grut en dof oranje oant readeftich (ferlykbere soarten fan it skaai ha in rôzere snaffel). De poaten binne rôze.

Lykas oare pinguïnsoarten bringt de fûgel bûten it briedseizoen de tiid op iepen see troch. De soarte wurdt om Nij-Seelân oantroffen en it seegebiet oant de kusten fan Tasmaanje en Súdeast-Austraalje. De fûgel briedt op rotsige hellingen yn 'e tichte, fochtige leafbosken fan Fjordlân en Stewart Island.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In yn 2018 publisearre wiisde út dat de fûgels wol 2500 km fan harren briedgebiet yn it westen fan Nij-Seelân migrearje. Untdutsen waard dat de pinguïn goed twa moannen migrearret om te foerazjearjen en dan tusken de 3.500 en 6.800 km ôfleit. Dêrmei is harren migraasje ien fan 'e langste migraasjes foar de ferfearring is dy't registrearre waard. De fûgels lizze deis tusken de 20 en 80 km ôf. De pinguïns begjinne te migrearjen op it stuit dat de produktiviteit fan 'e oseaan op it hichtepunt is en it liket der dus op dat it ôflizzen fan tûzenen kilometers gjin echt nut tsjinnet. Oannommen wurdt dat it útsûnderlike hâlden en dragen te meitsjen hat mei in oerbliuwsel fan in fiere foarâlder, dy't him nei it suden yn it subantarktyske gebiet ûntwikkele foardat se it fêstelân fan Nij-Seelân befolken. Dat ferklearret ek wêrom't it briedgebiet fan 'e soarte konsintrearre is oan 'e súdlike westkust fan Nij-Seelân. Nei de migraasje komme se werom om te ferfearjen.[1]

De Fjordlântúfpinguïn hat in beheind briedgebiet en dêrom is der in reël risiko op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje rutte waard yn 2019 rûsd op 12.500 oant 50.000 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte hat te lijen fan yntrodusearre rôfdieren lykas hûnen, katten, harmkes en rotten. Oare bedrigingen binne fersteuring troch toeristen, fiskerij en grutskalige fiskkweek yn it gebiet. Dêrfandinne wurdt de soarte as "gefoelich" (Near Threatened, 2020) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: