Springe nei ynhâld

Fjoerwevers

Ut Wikipedy
Fjoerwevers
Euplectes orix
Euplectes orix
Taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:moskfûgels (Passeroidea)
famylje:weverfûgels (Ploceidae)
Swainson, 1829
Soarten
Euplectes afer
Euplectes albonotatus
Euplectes ardens
Euplectes aureus
Euplectes axillaris
Euplectes capensis
Euplectes diadematus
Euplectes franciscanus
Euplectes gierowii
Euplectes hartlaubi
Euplectes hordeaceus
Euplectes jacksoni
Euplectes laticauda
Euplectes macroura
Euplectes nigroventris
Euplectes orix
Euplectes progne
Euplectes psammacromius

Fjoerwevers of widafinken (Euplectes) foarmje in fûgelskaai út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De wittenskiplik namme fan it skaai is foar it earst publisearre yn 1829 troch de Brit William Swainson.

It skaai libbet súdlik fan 'e Sahara oer it grut gebiet fan Senegal oant Súd-Afrika, mar net op Madagaskar. It biotoop fan it skaai bestiet út iepen savannes, gerslân, rûge gebieten en rânen fan lânbougebieten. Se ite benammen gerssied, mar yn 'e briedtiid ek ynsekten. Mantsjes binne yn it prachtkleed spektakulêr mei felle kleuren (read, goudgiel, oranje of swart). In pear soarten ha ek in tige lange sturt. Bûten de briedtiid binne de mantsjes lykas de wyfkes ûnopfallend en brún.

De typesoarte fan it skaai is de súdlike fjoerwever (Euplectes orix).

Der wurde 18 soarten erkend:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingTrend
berchweverEuplectes psammacromiusNoardeast-Sambia, Noard-Malawy en de heechlannen fan Súdwest Tanzaniastabyl[1]
diadeemweverEuplectes diadematusKenia, Somaalje, Tanzaniastabyl[2]
gielrêchfjoerweverEuplectes capensisBerchgebieten Afrikastabyl[3]
gielskouderweverEuplectes macrouraAngoala, Benyn, Boerkina Faso, Boerûndy, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Ivoarkust, Gabon, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Libearia, Malawy, Maly, Mozambyk, Niger, Nigearia, Senegal, Sierra Leöane, Sûdan, Tanzania, Togo, Sambia, Simbabwestabyl[4]
goudkopweverEuplectes aferin soad aparte gebieten ûnder de Saharastabyl[5]
goudrêchweverEuplectes aureusWest-Angoala, Sao Tomeestabyl[6]
HartlaubweverEuplectes hartlaubiAngoala, Kameroen, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Gabon, Kenia, Nigearia, Tanzania, Uganda, Sambia.stabyl[7]
kapusjonweverEuplectes laticaudaSûdan, Eritreä, Etioopje, Kenia, Noard- Tanzaniastabyl[8]
langsturtweverEuplectes progneAngoala, Botswana, Demokratyske Republyk Kongo, Swazylân, Kenia, Lesoto, Súd-Afrika, Sambiastabyl[9]
lieresturteweverEuplectes jacksoniKenia, Tanzaniastabyl[10]
noardlike fjoerweverEuplectes franciscanusAfrika súd fan 'e Sahara en noard fan 'e evenerstabyl[11]
oranjekraachweverEuplectes gierowiiAngoala, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Etioopje, Kenia, Súd-Sûdan, Tanzania, Ugandastabyl[12]
readkielweverEuplectes ardensGuinee, binnenlân Sierra Leöane, Noard-Libearia, Noard-Ivoarkust, Súdwest-Niger, Sintraal en Súdeast-Nigearia, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Demokratyske Republyk Kongo, sintraal en noardeastlik Angoala, Uganda, West-Kenia, Tanzania, Malawy, Noardwest- en Súd-Mozambyk, Eswatiny en eastlik Súd-Afrikastabyl[13]
súdlike fjoerweverEuplectes orixNoardlik oant Angoala, suden en easten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Noard-Sambia, Súd-Uganda, Noardeast-Nigearia en Súdwest-Keniastabyl[14]
swartbúkweverEuplectes nigroventrisKenia, Mozambyk, Tanzaniastabyl[15]
swartwjukweverEuplectes hordeaceusSenegal oant Sûdan en súdlik oant Angoala, Tanzania, Simbabwe en Mozambykstabyl[16]
waaiersturtweverEuplectes axillarisAngoala, Botswana, Boerûndy, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Eswatiny, Etioopje, Kenia, Lesoto, Malawy, Maly, Mozambyk, Namybje, Niger, Nigearia, Rûanda, Somaalje, Súd-Afrika, Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia, Simbabwestabyl[17]
wytwjukweverEuplectes albonotatusAngoala, Botswana, Boerûndy, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Eswatiny, Etioopje, Gabon, Kenia, Malawy, Mozambyk, Namybje, Rûanda, Sao Tomee, Súd-Afrika, Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia, Simbabwestabyl[18]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: