Springe nei ynhâld

Fjoertúfke

Ut Wikipedy
fjoertúfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoudtoefkes (Regulidae)
skaaiechte goudtoefkes (Regulus)
soarte
Regulus ignicapillus
Temminck, 1820
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It fjoertúfke of fjoertoefke (wittenskiplike namme: Regulus ignicapillus) is in lytse fûgel dy't yn Jeropa foarkomt.

It skaai fan de goudtúfkes waard fanâlds altyd by de sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De fjoertúfkes op Madeara, earder in ûndersoarte fan it fjoertúfke, wurde tsjintwurdich as aparte soarte sjoen, it Madearafjoertúfke (Regulus madeirensis).

It fjoertúfke is sa'n 9-10 sm grut en krekt wat grutter as it goudtúfke. It uterlik komt oerien mei it goudtúfke, mar foaral it gesicht ferskilt. It fjoertúfke hat in opfallende swarte streek troch it each mei derboppe en derûnder in wite streek, wylst it goudtúfke dêr gjin dúdlike tekening hat. Ek hat it fjoertúfke op it skouder brûnskleurige fearren dy't by it goudtúfke ûntbrekke.
It Madearafjoertúfke hat in langere snaffel, de oranje krûn is wat minder fel en de wite streek boppe de eachstreek is langer.

Aaien fan it fjoertúfke.

It fjoertúfke komt yn grutte parten fan Midden- en Súd-Jeropa foar, harren libbensgebiet leit wat súdliker as dat fan it goudtúfke. Fierder komme se ek foar op Madeara en yn Noard-Afrika. Se binne meast te finen yn mingde bosken of nuddelbosken, se binne miskien wat minder bûn oan de nuddelbosken as it goudtúfke. Lykas by it goudtúfke binne de noardlikste fûgels trekfûgels.

It fjoertúfke makket in bolfoarmich nêst fan moas mei in lytse yngong oan de boppekant. It wyfke leit twa kear aaien dy't se yn twa wike útbriedt. De jongen binne nei sa'n 19-20 dagen grut genôch om út te fleanen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Regulus ignicapillus fan Wikimedia Commons.