Springe nei ynhâld

Fjoerrêchtangare

Ut Wikipedy
Fjoerrêchtangare

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiholsnaffeltangaren (Ramphocelus)
soarte
Ramphocelus flammigerus
Jardine & Selby, 1833
net bedrige

De fjoerrêchtangare (Ramphocelus flammigerus) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus).

De fûgel wurdt likernôch 19 sm lang. Der is in opfallend seksuëel dimorfisme. De mantsjes fan 'e nominaatfoarm ha in fluwielswart fearrekleed mei in fjoerread gebiet op 'e rêch. Wyfkes ha brune boppedielen mei donkere plakken en binne fan ûnder giel mei hjir en dêr oranje. By de mantsjes fan 'e ûndersoarte Ramphocelus flammigerus icteronotus is it fjoerreade gebiet op 'e rêch felgiel. By de wyfkes dêrfan binne de giele dielen ûnder ljochter.

De fûgel wurdt ornaris yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Ramphocelus flammigerus flammigerus
  • Ramphocelus flammigerus icteronotus

De ûndersoarte mei de grutste fersprieding, de R. icteronotus, libbet yn 'e Tumbes-Chocó-Magdalena yn Panama, Kolombia, Ekwador en Perû en wurdt ek wol as de sitroenrêchtangare (R. icteronotus) as in aparte soarte behannele. It is lykwols bekend dat dy soarte hybridisearret mei de nominaatfoarm út de Caucadellling yn Kolombia.

Se wurde regelmjittich waarnommen en binne algemien op iepen plakken mei strûken, by boskrânen, tunen en plantaazjes oant in hichte fan 2000 m boppe seenivo.

Ferskillen ûndersoarten
UndersoarteMantsjeWyfkeFersprieding
flammigerusKolombia
icteronotusPanama, Kolombia, Ekwador en Perû

De fjoerrêchtangare profitearret fan 'e houtkap en it ferdwinen fan bosk en oannommen wurdt dat de oantallen dêrom groeie. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: