Fjoerkrúnmies
| Fjoerkrúnmies | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cephalopyrus flammiceps | ||||||||||||
| Burton, 1836 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De fjoerkrúnmies (Cephalopyrus flammiceps) is in Aziatyske fûgel dy't yn bercheftige gebieten libbet en ta de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae) heart. Lang waard de soarte yn 'e famylje fan 'e pongmiezen (Remizidae) pleatst, mar DNA-stúdzjes litte sjen dat de fûgel ta de miesfûgels heart.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjoerkrúnmies is in tige lytse (8,5-9,5 sm), gielgriene mies mei in lytse, wat nei ûnderen bûge snaffel en in koart sturtsje. It mantsje hat yn it briedseizoen in gielgriene boppekant, in gielige ûnderkant en in ûnderskiedende oranje-read plak op 'e foarholle en op it kin. It wyfke liket op it mantsje, mar it de oranje-reade kleur ûntbrekt en it boarst en kiel binne doffer oliifgiel. De sang is in fariëarre rige fan ien oant sân heechfrekwinte toanen dy't lang efterinoar werhelle wurde.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjoerkrúnmies is de iennichste soarte yn it skaai Cephalopyrus. De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- Cephalopyrus flammiceps flammiceps – komt foar yn 'e westlike Himalaya, fan Pakistan oant Garhwal en westlik Nepal.
- Cephalopyrus flammiceps olivaceus – komt foar yn 'e eastlike Himalaya, fan eastlik Nepal oant súdeastlik Tibet en Sintraal-Sina.
De soarte waard lang yn 'e famylje fan de pongmiezen yndield, mar DNA-stúdzjes ha sjen litten dat er ta de miesfûgels heart, al is it de sustersoarte fan alle oare soarten yn dy famylje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fjoerkrúnmies briedt yn berchbosken yn 'e Himalaya op hichten tusken de 1800 en 3000 meter. Hy libbet fan lytse wringeleaze dierkes, benammen ynsekten, mar ek fan wat plantaardich materiaal. De fûgel briedt tusken april en juny. De soarte is in trekfûgel op koarte ôfstân op hichteferskillen.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de populaasje ôfnimt, hoewol net sterk genôch om as bedrige beskôge te wurden. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt omskreaun as frij seldsum en ûngewoan.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
