Springe nei ynhâld

Fjochtearn

Ut Wikipedy
Fjochtearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaifjochtearnen (Polemaetus)
soarte
Polemaetus bellicosus
(Daudin), 1800
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De fjochtearn (Polemaetus bellicosus) is in fûgel dy't heart ta de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). It is de iennige soarte út it monotypyske skaai Polemaetus en komt allinnich foar yn Afrika besuden de Sahara.

Fûgel yn it Nasjonaal Park Serengeti.

De fjochtearn is 78 oant 96 sentimeter lang, weaget tusken de 3,0 en 6,2 kilo en hat in spanwiidte fan 188 oant 240 sentimeter. It is in frij grutte earn. As er sit hat er brede skouders en hy sjocht der dan yndrukwekkend út. De boppedielen binne donkerbrún, lykas ek de kop en it boarst. Oan 'e efterkant fan 'e kop hat er in koarte túf. De snaffel is swart en de eagen binne giel. De búk is wyt mei grutte donkere spikkels en de ûnderwjukken binne donkerbrún.

De fjochtearn kin proaien deadzje dy't grutter binne as de fûgel sels. Hy kin bygelyks in jonge antilope of in jonger wetterswyn gripe. De measte proaien binne lykwols rêchstringdieren tusken de 1 en de 5 kilo, lykas hazzen, mangoesten en waranen. De earn jaget ek op piken en oar lytsfee. By moai waar silet er in hiel skoft heech yn 'e loft op 'e strún nei proaien, om dêrnei yn in steile dûkflecht fanút de loft ta te slaan. Ek jaget er fanút de top fan in hege beam; fan dêrút makket er in lange, flakke dûkflecht flak oer de grûn, wêby't er ek gebrûk meitsje kin fan strûken as dekking om syn proai te oerfallen.

Fjochtearnen binne monogame fûgels en foarmje pearen foar it libben. It wyfke makket it nêst boppe yn in beam en leit dêryn ien aai dêr't se 47 oant 51 dagen op briedt. It aai komt betiid yn it drûge seizoen út, sadat de jonge fûgel yn it wiete seizoen, as der genôch iten is, fearren krijt. Nei 96 oant 99 dagen ferlit it jong it nêst, mar se bliuwe 8 oant 12 moannen ôfhinklik fan 'e âlden.

Fersprieding en libbensgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte komt foar yn Afrika besuden de Sahara. It habitat bestiet út iepen lânskippen fan healwoastinen en steppes oant leechberchtmen en bosksavannes.

De fjochtearn hat in grut ferspriedingsgebiet. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2001 rûchwei rûsd op inkele tsientûzenen. De earn rint lykwols yn oantallen tebek troch ferfolging. De fûgel wurdt sketten, fongen en fergiftige; fierder falle der slachtoffers troch elektreksiteitstriedden en rint de wyldstân yn it libbensgebiet tebek. Yn West-Afrika ûntbrekke bygelyks grutte populaasjes fan sûchdieren en nimt de befolking sterk yn oantal ta. Dêrfandinne stiet dizze earn as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: