Gesichtsfermogen

It gesichtsfermogen of koartwei it gesicht, ek wol de fisuele waarnimming of fisuele persepsje neamd, is it fermogen fan in organisme om beljochte foarwerpen waar te nimmen, almeast trijediminsjonaal en yn kleur. Dat is ien fan 'e klassike sintugen en foar in protte minsken it wichtichste sintúch fan allegearre. De minske sjocht kleuren yn it spektrum fan read oant fiolet. It orgaan dêr't it gesichtsfermogen mei útoefene wurdt, is it each, dêr't wringedieren twa fan hawwe, mar guon wringeleazen (lykas spineftigen wol acht). It waarnimmen mei it each hjit sjen. In ûnfermogen om (by ljocht) te sjen hjit blinens.
Fermogens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it gesichtsfermogen lizze in stikmannich dielfermogens besletten:
- It fermogen om foarwerpen foldwaande skerp te sjen (fisus);
- It fermogen om foarwerpen yn 'e perifery fan it netflues (út 'e eachhoeke wei) te sjen;
- It fermogen om kleuren waar te nimmen (it ûnfermogen om dat te dwaan hjit kleurebinens);
- It fermogen om djipte te sjen;
- It fermogen om 'e eagen mei de eachspieren alle rjochtings út te draaien;
- It fermogen om sûnder refraksjeflater ôfbyldings op it netflues te projektearjen;
- It fermogen om mei it each goed te akkomodearjen.
Funksje fan it gesichtsfermogen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De funksje fan it gesichtsfermogen is om jin oriïntearje te kinnen yn 'e beljochte wrâld trochdat foarwerpen ljocht weromkeatse op ferskillende helderheidsnivo's, yn ferskillende patroanen en yn ferskillende kleuren. Ynformaasje dy't oan 'e harsens trochjûn wurdt út it gesichtsfermogen wei wurdt kombinearre mei ynformaasje garre troch de propriosepsje (it sintúch dat selsbeweging, krêft en lichemsposysje waarnimt), de taast en it lykwichtsorgaan om in folslein byld te krijen fan it plak fan it organisme yn 'e alomfetsjende foarwerpewrâld.
Wurking fan it gesichtsfermogen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ljochtgefoelige respetors fan it gesichtsfermogen (de saneamde steafkes en kegeltsjes) befine har efter it netflues fan it each. De eagen, dêr't de measte organismen twa fan hawwe, sitte by de measte organismen oan 'e foarkant fan 'e holle, mar soms ek op oare plakken, lykas op 'e poaten. As in organisme mear as ien each hat, is it mooglik om trijediminsjonaal te sjen.
Ljocht falt yn it each troch it hoarnflues en de foarste eachkeamer. Dêrwei giet it fia de as diafragma tsjinjende pupil fan 'e iris en de efterste eachkeamer, en wurdt it troch it glêseftich lichem hinne projektearre troch de eachlins op 'e ljochtgefoelige reseptors efter it netflues. Dêr wurde de ljochtyndrukken omset ta aksjepotinsjalen yn 'e gesichtssenuw, dy't nei de harsens ta rint.
It fisueel systeem yn 'e harsens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Primêr systeem
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut part fan 'e harsens hat in funksje by de ferwurking fan 'e prikels dy't it netflues trochjout. Sjen is krekt likefolle in funksje fan it senuwstelsel as fan 'e eagen.
Yn it netflues wurde (analoge) fisuele prikels omset yn (digitale) aksjepotinsjalen, dat elektryske prikels binne yn 'e reseptorsel (de steafkes en kegeltsjes). Dy omfoarming fynt plak troch in gemyske reäksje yn 'e sel. It aksjepontinsjaal wurdt oerdroegen oan 'e ganglionsellen, wêrfan't de útrinners de gesichtssenuw of nervus opticus foarmje. De senuw ferlit it each fia it bline plak.
De beide gesichtssenuwen komme byinoar yn it chiasma opticum, sadat beide bylden yn kombinaasje mei-inoar as de tractus opticus de harsens berikke. Dêrtroch ûntstiet de mooglikheid ta it waarnimmen fan djipte.
Yn it corpus geniculatum laterale, in ûnderdiel fan 'e talamus yn 'e kearn fan 'e harsens, wurdt it aksjepotinsjaal oerbrocht op in folgjende neuron. Dêrby wurdt de ynformaasje fierder organisearre, ûnder mear troch it kombinearjen fan 'e bylden fan 'e beide eagen ta ien inkele prikel. Fan dat punt ôf waaierje de senuwsellen breed út yn 'e foarm fan 'e radiatio optica en berikke dan de primêre fisuele harsensskoars, hielendal efter yn 'e plasse (oksipitaal), ek wol area 17 of area striata neamd. By oankomst op dat plak wurdt men jin fan 'e prikel bewust. De tiid dêr't in prikel ferlet fan hat om fan it netflues ôf de harsenskoars te berikken is 0,1 sekonde.
Oare senuwsellen skeakelje yn it gebiet fan 'e colliculi superiores, in diel fan 'e harsenstamme, oer op senuwsellen dy't fia de nervus oculimotorius de pupilferwiding en fia de nervus trochlearis en de nervus abducens de eachspieren oanstjoere. Wer oare selútrinners fan dit gebiet rinne nei it rêchpiid. Dy sellen meitsje flugge refleksen mooglik, wêrby't men al reägearret ear't men bewust sjocht wat der oan 'e hân is.
Om 'e primêre fisuele harsenskoars hinne leit de assosjearre fisuele harsenskoars, ek wol area 18 neamd. Yn dat diel fan 'e harsens wurdt it mooglik makke om yn 'e trochjûne bylden patroanen te werkennen. Yn it oanbuorjende area 19 fan 'e harsenskoars wurde ympulsen út area 18 en it corpus geniculatum laterale ferwurke, dy't dat gebiet foar in part fia de talamus berikke. Yn area 19 wurde ferbinings lein mei it ûnthâld, bygelyks foar gesichtswerkenning.
Dorsaal en fintraal systeem
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fia it dorsale systeem geane der prikels nei de pariëtale harsenskoars (de boppekant fan 'e harsens), nei de frontale harsenskoars (de foarste dielen) en nei de primêre motoaryske skoars (gyrus praecentralis/sulcus centralis). De pariëtale skoars bepaalt de rjochting fan 'e blik of eachloaits; de frontale skoars nimt de beslissing oer wêr't men nei sjocht; en de primêre motoaryske skoars stjoert de spieren oan.
Fia it fintrale systeem komt de prikel by de temporale kwabben, de dielen fan 'e harsens dy't ûnder de sliepen sit. Dêr befynt him in soarte fan organyske database oangeande foarmen, figueren, bekende gesichten, ensfh.
Soarten waarnommen ljochtprikels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa soarten ljochtprikels: ljocht mei kleurtinten en ljocht mei griistinten. Yn beide gefallen wurde der fotoanen omset yn aksjepotinsjalen troch spesjalisearre reseptors.
Ljochtprikels mei kleurtinten aktivearje de yn kleuren spesjalisearre ljochtgefoelige reseptors, de saneamde kegeltsjes, dy't har benammen yn 'e midden fan it netflues befine, op it giele plak. Der binne trije types kegeltsjes, dy't gefoelich binne foar (rûchwei) blau, grien en read ljocht. Yn 'e harsens wurde dy primêre kleuren mongen ta de wurklike kleur. De kegeltsjes wurkje inkeld by foldwaande ljochtsterkte.
Ljochtprikels mei griistinten aktivearje de yn griistinten spesjalisearre ljochtgefoelige reseptors, de saneamde steafkes. Dy befine har fral om 'e midden fan it netflues hinne. De steafkes wurkje ek noch by mar in hiel lyts bytsje ljocht, wat de reden is dat by skimer alles griis begjint te lykjen.
Mjitten fan it gesichtsfermogen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 'e fisus, it fermogen om foldwaande skerp sjen te kinnen, te bepalen, meitsje eachdokters en optisiêns ornaris gebrûk fan 'e Snellenkaart. Dat is in letterkaart dy't ûntwikkele is troch de Nederlânske eachdokter Herman Snellen. Sa kin fêststeld wurde oft de fisus fan 'e pasjint ôfwykt yn ferhâlding ta de trochsneed gesichtsskerpte. As bygelyks op in ôfstân fan 6 meter de referinsjeletters foar 6 meter lêzen wurde kinne, dan is de fisus yn elts gefal gelyk oan 1. Kin immen op dy ôfstân noch lytsere letters lêze, dat is de fisus grutter as 1. In fisus fan 1,5 komt wol foar by jonge, sûne lju. It doocht net om 'e fisus yn persintaazjes wer te jaan, sa't wol gauris bart. Immen mei in fisus fan 0,5 is net "healblyn"; sa'n persoan hat op in ôfstân dêr't in oar in 1 sm grutte letter lêze kin ferlet fan in 2 sm grutte letter.
Foar kleurwaarnimming besteane oare testkaarten en ek foar djiptepersepsje binne der testmetoaden foarhâns. Foar de eachbewegings kin men yn 'e regel ta mei in ienfâldich klinysk ûndersyk. Foar de eachweidbepaling binne der ienfâldige metoaden dy't sûnder apparatuer útfierd wurde kinne en automatyske apparaten dy't in wat mear kwantifisearre resultaat jouwe.
Blinens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Fisuele beheining.
Blinens is it ûnfermogen om gebrûk te meitsjen fan it gesichtsfermogen. Is dat fermogen beheind, mar net hielendal ôfwêzich, dat sprekt men fan minsjendheid. Behalven troch eachsykten of it skansearjen fan 'e eagen, wêrby't it orgaan dêr't men mei sjocht fysike skea oprint, kin blinens ek feroarsake wurde troch skea oan it senuwstelsel. Yn sa'n gefal wurkje de eagen wol goed, mar is de ferbining tusken de eagen en de harsenskoars stikken. Behalven yn folsleine blinens kin soks ek resultearje yn healsidige blinens, wêrby't de prikels fan ien fan 'e beide eagen net (goed) trochjûn wurde, of yn serebrale blinens (CVI), wêrby't de pasjint net ferwurkje kin wat syn eagen him fertelle of gjin bestjoering oer syn blik hat.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
