Springe nei ynhâld

Fisktreppen

Ut Wikipedy
In fisktreppen yn 'e John Daydaam yn 'e rivier de Kolumbia yn de Feriene Steaten
De grutste fisktreppen fan Jeropa by Geesthacht oan 'e Elbe yn Dútslân

In fisktreppen, fiskljedder of fiskpassaazje is in wetterboukundich keunstwurk dat as doel hat en help fisken de stream op farby in behindering yn in rivier of kanaal te helpen. Dat kin gean om minsklike of natuerlike behinderings lykas diken, dammen, slûzen, gemalen en wetterfallen, om fisken dêr foarby te lieden. In soad fisktreppen hawwe it doel en jou trekfisken, lykas salmen en forellen, tagong ta in troch in behindering net tagonklik wurden boppestreams ridzegebiet

Der binne ferskate techniken foar in fisktreppen. Foar de salm en forel, fisken dy't springe kinne, bestiet it gauris út in kaskade fan lytse bakken mei streamend wetter dêr't de fisk nei in heger nivo by swimme of springe moat

De fisktreppen moat oanpast wêze oan 'e fisk dy't dêr gebrûk fan meitsje moat. Wichtich is it plak fan de ynlaat neffens de blokkade, de grutte fan 'e lokstream en de maksimale streamfaasje dy't de fisk ferneare kin. Yn 'e grutte rivieren wurdt besocht de fisktreppens gaadlik te meitsjen foar it oplûken fan de salm. Dêrbûten giet it benammen om lytse soarten dy't oan 'e boaiem libje.

By Koarnwertersân yn 'e Ofslútdyk wurdt op it stuit wurke oan in Fiskmigraasjerivier, dêr't fisken hinne en wer swimme kinne fan 'e swiete Iselmar nei de sâlte Waadsee en oarsom.[1]

Guon typen fisktreppens binne:

  • Denil-Fiskpassaazje
  • Fisklift
  • Fiskslûs
  • Fiskopstigingsskroef
  • Helix-toerfiskpassaazje

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fisktreppe fan Wikimedia Commons.