Fiskmigraasjerivier
| Fiskmigraasjerivier | ||
| bouwurk | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Ofslútdyk | |
| koördinaten | 53° 4' 18" N 5° 19' 25" E | |
| bysûnderheden | ||
| boujier | 2021 | |
| oare ynformaasje | ||
| kosten | €80 miljoen | |
| kaart | ||
De Fiskmigraasjerivier is in fiskpassaazje yn 'e Ofslútdyk, westlik fan 'e Lorentzslûzen by Koarnwertersân yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee fan in fiskrivier ûntstie yn 2011 nei in plan fan de Waadferiening.[1] De Ofslútdyk brocht feiligens en ekonomyske ûntjouwing, dochs foarme in behindering foar de fiskmigraasje, want Sudersee en Waadsee waarden ynienen faninoar ôfskaat. Oare inysjatyfnimmers wiene It Fryske Gea, Sportvisserij Nederland, Coalitie Blauwe Hart Natuurlijk en NetVISwerk. Mei it wurk waard yn 2021 úteinset.
De migraasjerivier is in keunstmjittige tijrivier tusken de swiete Iselmar en de sâlte Waadsee. Fisken as iel, salm, njoggeneach en de spjirring kinne troch de rivier hinne swimme en harren fuortplantsje yn 'e Iselmar. De lingte fan 'e kringeljende rivier wurdt yn totaal fjouwer kilometer. It nedige sân foar it oanlizzen fan de dykjes moast safolle mooglik út 'e omkriten wei komme. It oanlizzen rekke fertrage, om't it sânwinnen troch it útdjipjen fan 'e farslinke tusken Urk en Koarnwertersân niet trochgiet. It sân moast op oare plakken út 'e Iselmar komme, dêr't it projekt djurder troch útkaam. Ynearsten waard it projekt tusken 60 en 67 miljoen euro begrutte, dochs waard er 13 miljoen euro djurder.[2]
Ekologen rûze fat jierliks likernôch 250 miljoen fisken de migraasjerivier passearje sille. De fiskpassaazje ûnder de Ofslútdyk sil ek tagonklik wurde foar it publyk. De ferwachting is dat er yn 2027 iepen wêze sil.[3]
De opdrachtjouwer is de provinsje Fryslân en finansierders binne njonken de provinsje Fryslân, de provinsje Noard-Hollân, de Ryksoerheid, it Waadfûns, LIFE, Natura 2000, de Nasjonale Postkoade Lotterij en CEF.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|