Springe nei ynhâld

Fiskjende kat

Ut Wikipedy
fiskjende kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaailoaihoarskatten (Prionailurus)
soarte
Prionailurus viverrinus
Bennett, 1833
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De fiskjende kat of fiskkat (wittenskiplike namme: Prionailurus viverrinus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Dit bist is lânseigen yn dielen fan Súd- en Súdeast-Aazje. It is in middelgrutte, solitêr libjende kateftige, dy't alhiel gjin ôfkear fan wetter hat en benammen fisken en oare wetterdieren fret. Hy kin goed swimme, ek oer langere ôfstannen en ûnder wetter. De fiskjende kat is nei alle wierskyn foar it meastepart in nachtdier. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.

De fiskjende kat waard yn 1833 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Edward Turner Bennett, op basis fan in spesimen dat him út Britsk-Ynje wei tastjoerd wie troch de Ingelske metallurch en natoerûndersiker Josiah Marshall Heath. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Felis viverrinus; It skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionaulurus) waard pas yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov. Fylogenetyske analyze fan it nukleêr DNA fan kateftigen yn 2006 en fan harren mitogondriaal DNA yn 2016 brochten oan it ljocht dat de neiste sibben fan 'e fiskjende kat de Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis) fan it fêstelân fan Aazje en de Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis) fan 'e westlike eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel binne.

In fiskjende kat giet der ris by lizzen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fiskjende kat is tige fragmintearre en fan gefolgen besteane der gâns islolearre populaasjes. It swiertepunt fan 'e ferprieding leit yn 'e Ganges-Brahmaputradelta fan Bangladesj en de Yndiaaske dielsteat West-Bingalen, en op Sry Lanka. Ek is der in langrutsen ferspriedingsgebiet by de súdflank fan 'e Himalaya lâns fan westlik Nepal fia Bûtan oant yn it uterste noardeasten fan Yndia (de dielsteat Arunachal Pradesh).

Oare populaasjes libje fersille by de noardlike Koromandelkust fan Yndia lâns en komme foar yn it midnoarden fan it Yndysk subkontinint, yn it súdeasten fan Pakistan by de Chotiaridaam, yn 'e delta fan 'e rivier de Irrawaddy yn súdlik Birma, yn it noarden fan Tailân, oan 'e noardwestkust fan 'e Golf fan Tailân, by de Giele Mar yn 'e neite fan Songkhia op it Taiske diel fan it skiereilân Malakka, en by de Kambodjaanske kust fan 'e Golf fan Tailân lâns.

Foarhinne wie it ferspriedingsgebiet fan 'e fiskjende kat net inkeld mear oaniensletten, mar ek grutter, mei't it dielen fan lannen omfette dêr't dit bist no (nei alle gedachten) net mear foarkomt. Dêrby giet it om Laos, Fjetnam, súdeastlik Sina, it Maleizyske diel fan it skiereilân Malakka en it eilân Java yn Yndoneezje. Op it Yndysk subkontinint kaam de fiskjende kat foarhinne mooglik ek foar oan 'e Malabarkust, yn 'e súdwestlike Yndiaaske dielsteat Kerala, mar dat is ûnwis.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fiskjende kat is in middelgrutte kateftige, likernôch twaris sa grut as in hûskat (Felis catus). Dêrmei is er it grutste lid fan it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 57–78 sm, mei in sturtlingte fan 20–30 sm. Der bestiet yn dizze soarte seksuele dimorfy, dy't him uteret yn lichemsgrutte en fral ek yn gewicht. De mantsjes binne foarser as de wyfkes, mei in gewicht fan 8–17 kg, wylst wyfkes mar 5–9 kg weagje.

In fiskjende kat yn it Nasjonaal Soölogysk Park yn Washington, D.C. blaast nei de fotograaf.

De lytse, rûne earen sitte leech op 'e kop, mear nei de sydkant ta as by de measte oare kateftigen. De sturt is koart en mjit minder as de helte fan 'e kop-romplingte. Krekt as oare kateftigen hat de fiskjende kat fiif teannen oan 'e foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Oars as by oare kateftigen wurdt de romte tusken de teannen opfolle troch swimfluezzen, dy't lykwols net hielendal oan 'e teanpunten ta rikke.

De pels fan 'e fiskjende kat is koart, mar tige ticht. Mammalogen geane derfan út dat dy wetterticht is en ek termale isolaasje biedt. De pels hat in gielige oant grizige grûnkleur, mei dêroerhinne in patroan fan swarte spikkels en streken. It gesicht wurdt markearre troch twa streken oer de wangen en twa boppe de eagen, dy't mei ûnderbrekkings op 'e foarholle nei de nekke rinne. De spikkels op 'e skouders en tusken de skouderblêden yn binne wat ferlinge ta streekjes, mar op 'e rest fan 'e rêch en op 'e siden, poaten en sturt binne se rûn fan foarm. Op 'e bealch is de pels ljochter fan kleur as op 'e rest fan it lichem. Op 'e efterkant fan 'e earen sit in wite stip.

In fiskjende kat yn syn natuerlik biotoop yn 'e moerassen fan 'e Sundarbans yn 'e Gangesdelta.

Fiskjende katten libje benammentlik yn oerflaktewetterrike kriten mei in tichte fegetaasje. Men kin dan tinke oan 'e iggen fan rivieren en beken yn tropysk reinwâld, mar ek oan moerassen, reidfjilden en mangrovewâlden. Sâltwetter liket har net te dearen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiskjende katten binne solitêr libjende bisten, dy't inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten opsykje. Se hâlde har benammen op yn 'e tichte, opgeande fegetaasje by de iggen fan oerflaktewetters lykas rivieren, beken, marren en puollen lâns. It tinken is dat se foar it meastepart nachtdieren binne, dy't oerdeis op in beskut plak rêste. De fiskjende kat kin tige goed swimme, ek ûnder wetter en oer langere ôfstannen, en liket, oars as de measte kateftigen, alhiel gjin ôfkear fan wetter en wietichheid te hawwen.

In fiskjende kat by nacht aktyf yn Nepal.

Sawol de mantsjes as de wyfkes fêstigje in territoarium, hoewol't dat fan 'e mantsjes, mei in oerflak fan trochinoar 16–22 km², oansjenlik grutter is as dat fan 'e wyfkes, dat mar 4–6 km² mjit. Wierskynlik oerlapet it territoarium fan in mantsje dat fan ferskate wyfkes. De fiskjende kat beakenet syn territoarium ôf troch it útsetten fan rookflaggen. Dêr hat er ferskate metoaden foar: hy wriuwt mei de kop by objekten lâns om der syn rook oan te jaan, hy besproeit beammen, strûken of rotsen mei urine en ek klaut er wol om yn hout of yn 'e grûn.

De peartiid falt foar de fiskjende kat nei alle gedachten yn jannewaris en febrewaris, mei't de meast jongkatsjes yn it wyld yn maart en april waarnommen binne. Mar it is ek dokumintearre dat fiskjende katten soms yn juny noch pearje. Nei de pearing hat it mantsje fierders part noch diel mear oan it fuortplantingsproses. Yn finzenskip duorret de draachtiid 63–70 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 1–4, mar ornaris 2–3 jongen smyt. Dy weagje by de berte 170 g. Mei 1 moanne ferlitte se it nêst en begjinne se it om-en-by te ferkennen. Mei 2 moannen frette se foar it earst fêst iten, mar se wurde pas mei 6 moannen folslein ôfwûn.

Fiskjende katten hawwe in earsten skutkleur.

Fiskjende katten binne mei 81/2 moannen folwoeksen, alteast kwa lichemsgrutte, hoewol't de hoektosken fan in folwoeksen eksimplaar pas mei 11 moannen yngroeie. Se berikke geslachtsripens mei 15 moannen. De maksimale libbensferwachting foar in fiskjende kat is yn finzenskip sa'n 10 jier en yn it wyld nei alle gedachten likernôch de helte dêrfan. Fiskjende katten binne fetber foar it karnivoareprotoparvofirus 1. Dat is in sykte dêr't se oan deagean kinne, mei't dy oansjenlike skea tabringt oan har nieren, milt en spiisfertarringsstelsel.

Sa't de namme al oanjout, fret de fiskjende kat benammen fisk, dat likernôch trijefjirdepart fan syn dieet foarmet. Foar de rest bestiet it menu út fûgels (yn 't bysûnder wetterfûgels), lytse sûchdieren (lykas kjifdieren), kreefteftigen (lykas krabben), ynsekten, weakdieren, lytse reptilen (benammen lytsere soarten slangen), amfibyen, ies (fral fan kij) en gers. De meast brûkte jachtmetoade fan fiskjende katten liket te wêzen om by de igge lâns yn in mûklaach te lizzen en te wachtsjen oant in proai ticht genôch by komt, om him dan mei in ûnferhoedse oanfal út it wetter te skuorren. Mar it is ek waarnommen en filme hoe't se soms hielendal yn it wetter dûke en kopke-ûnder geane en dan mei in fisk yn 'e bek (of net, as de jacht mislearret) wer boppe komme en by de wâl op klauwe.

Behalven swimme kinne fiskjende katten ek muoiteleas klimme.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e fiskjende kat binne gruttere rôfdieren, lykas de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus). Foar jongen foarmje ek ferskate soarten rôffûgels, ûlen en martereftigen in gefaar.

De fiskjende kat hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is. Dat hat yn it foarste plak te krijen mei it tige fragmintearre ferspriedingsgebiet fan dit bist, dat laat hat ta it ûntstean fan in protte isolearre populaasjes. Mar dêrnjonken hat de fiskjende kat te lijen ûnder habitatferneatiging troch it drûchlizzen fan moerassen en oare wetlands en it omfoarmjen fan mangrovewâlden ta kommersjele akwakultuerfivers. Oerbefisking troch de fiskerijsektor is ek in oanboazjend probleem, as gefolch wêrfan't dit bist gjin proaien mear oerhâldt. As er, troch dy omstannichheden twongen, de fivers fan in fiskkwekerij plonderet, rekket er behelle yn in konflikt mei de minsklike eigners, dy't, benammen yn Yndia en Bangladesj, gauris fiskjende katten deadzje om't se dy as skealik ûngedierte beskôgje. Ek yn it ferkear komme gâns fiskjende katten om.

In fiskjende kat yn in mangrovewâld yn Yndia.

Om 'e fiskjende kat te beskermjen, is dit bist opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. De jacht op 'e fiskjende kat is ferbean yn Bangladesj, Yndia, Birma, Nepal, Pakistan, Sry Lanka en Tailân, en teffens yn trije lannen dêr't dit bist nei alle gedachten al útstoarn is: Yndoneezje, Sina en Laos. Yn Bûtan genietet de fiskjende kat lykwols bûten offisjele natoergebieten gjin beskerming, en dyselde sitewaasje jildt yn Maleizje en Fjetnam, dêr't er wierskynlik net mear foarkomt.

Der binne 2 (stân fan saken yn 2022) erkende ûndersoarten fan 'e fiskjende kat (Prionailurus viverrinus), wêrfan't ien útstoarn is:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.