Springe nei ynhâld

Fioletkroanamazône

Ut Wikipedy
Fioletkroanamazône
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaiAmazônepappegaaien (Amazona)
soarte
Amazona finschi
Sclater, 1864
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De fioletkroanamazône (Amazona finschi) is in amazônepappegaai út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). It is in bedrige, edemyske fûgelsoarte fan Meksiko. De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is nei syn ûntdekker ferneamd, de Dútske natuerûndersiker Friedrich Hermann Otto Finsch.

De likernôch 33 sm grutte fûgel is meast ljochtgrien. De foarholle hat in read plak en is fiolet op 'e krún oant yn 'e nekke. De smelle eachring om de oranje iris is griis en de wangen en it eardek binne griengiel. De earmpinnen fan 'e wjukken binne fioletblau en op 'e wjuk sit in reade spegel fan 'e fiif bûtenste earmpinnen. De sturt is grien mei in gielgriene punt. De snaffel is gieleftich hoarnkleurich en de poaten binne griis.

Fioletkroanamazônes binne endemysk yn it westen fan Meksiko. Oarpronklik lei it ferspriedingsgebiet fan it suden fan 'e steat Sonora en it súdwesten fan Chihuahua oant yn Oaxaca. Mear as 37% fan it eardere ferspriedingsgebiet is net mear geskikt. It habitat bestiet út subtropysk drûch leafbosk oan 'e Pasifyske kust oant op 2000 m boppe seenivo, mar meast yn 'e boskdellings tusken 600 en 1000 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten de briedtiid foarmje de fûgels grutte kloften fan somtiden hûnderten fûgels. Se ite fruchten, sied, beien, nuten en bloeisel. Foar boeren kinne se op plantaazjes of ikkers in soad skea jaan.

De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrfandinne bestiet de kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2003 op 4.700 oant 6.700 fûgels rûsd. Bedrigingen foarmje it fangen fan 'e fûgel foar de hannel, it ferlies en de degradaasje fan habitat troch daamprojekten en oare ynfrastrukturele wurken en ek it waar, lykas orkanen en swiere stjalprein. De orkaan Patricia yn 2015 feroarsake bygelyks de ferneatiging fan 60% fan 'e nêsten.

De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list dêrfandinne as bedrige (EN, 2020).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: