Fioletgaai
| fioletgaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cyanocorax violaceus | ||||||||||||
| Du Bus de Gisignies, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De fioletgaai (Cyanocorax violaceus) is in fûgelsoarte yn it skaai blaukrieën (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fioletgaai is in grutte, 33 oant 38 sm lange gaai. Syn fearrekleed is blau mei in swarte kop en swart kin. Hy ûnderskiedt him fan 'e ferlykbere poarpergaai troch it ljochtere fearrekleed en de kontrastearjende bleke nekke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Fenezuëla en it westlike Amazônebekken. De soarte telt twa ûndersoarten:
- Cyanocorax violaceus pallidus: komt foar yn noardlik Fenezuëla (Anzoátegui).
- Cyanocorax violaceus violaceus: komt foar fan eastlik Kolombia oant Fenezuëla, de Guyana's, Brazylje, Perû en noardlik Bolivia.
It habitat fan 'e soarte bestiet út subtropyske en tropyske fochtige leechlânbosken oant degradearre bosken. De fûgel komt fral foar yn leechlân, mar kin lokaal ek oant 1.400 m hichte foarkomme.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fioletgaai is omnivoar en yt benammen fruit, ynsekten en aaien fan fûgels en reptilen lykas hagedissen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as frij algemien. Mei't it geskikte habitat yn syn ferspriedingsgebiet troch ûntbosking ôfnommen is, wurdt der tocht dat ek de oantallen fan 'e soarte tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige (Least Concern, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
