Slieker Film

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Filmhûs Ljouwert")
Jump to navigation Jump to search

Slieker Film, earder Filmhûs Ljouwert neamd, is in filmteäter yn Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmhûs begûn as ûnderdiel fan it Frysk Filmsirkwy op 14 septimber 1975 mei de foarstelling fan Ne Touche pas à la femme blanche yn it jongerensintrum Hippo yn Ljouwert [1]. Troch de ynset fan yn 1979 oprjochte wurkgroep [2] koe fan 15 jannewaris 1983 ôf yn de soasjeteitsseal fan it âlde gebou fan De Harmonie hast alle dagen films fertoand wurde [3].

Yn 1988 ûntstienen de earste plannen foar in nije stedsskouboarch De Harmonie oan it Ruterskertier, dêr't ek romte foar it Filmhûs yn meinomd wie [4] en seis jier letter koe it fernijde pân har doarren iepenje [5]. It Filmhûs krige 1994 plak yn de kelders fan de De Harmonie.

Maart 2013 krige it filmhûs in nije namme, Slieker Film, ferneamd nei bioskooppionier Georg Christiaan Slieker. [6] en waard it fêstige yn it nije Frysk Museum op it Wilhelminaplein.

Oanbod[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmhûs rjochtet him benammen op arthousefilms, dy't minder publyk lûke as mainstream-kaskreakers. De films binne faak inte op in mear kulturele of artistike ynstek as it meastentiids Amerikaanske oanbod fan reguliere bioskopen, al wienen ek films as Bowling For Columbine en The Pianist in grut súkses yn it Filmhûs. Elke moandeitejûn draait in film yn it jongerenprogramma Moviezone.

Der binne twa sealen fan 72 en 28 sitplakken en der wurde deis twa oant fjouwer films sjen litten, meastentiids jûns. Utsein de simmermoannen wurde sneins ek middeis foarstellingen fersoarge. Sûnt maaie 2012 is Slieker Film hielendal digitalisearre. It 35mm-tiidrek waard ôfsletten mei de fertoaning fan filmklassiker Casablanca. De grutte seal hat in 5.1 Dolby SRD-ysnstallaasje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Friesland heeft een filmcircuit", Ljouwerter Krante, 5 septimber 1975
  2. "Stichting Filmhuis in Leeuwarden", Ljouwerter Krante, 22 jannewaris 1981
  3. "Filmhuis opent met opmerkelijke films", Ljouwerter Krante, 14 jannewaris 1983
  4. "Papieren plan voor nieuwe Harmonie", Ljouwerter Krante, 19 maaie 1988
  5. "Filmhuis als eerste stukje Harmonie geopend", Ljouwerter Krante, 16 septimber 1994
  6. http://filmhuisleeuwarden.nl/nieuws/nieuwe-naam-voor-het-filmhuis/