Filipynske poarperhin
| Filipynske poarperhin | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Porphyrio pulverulentus | ||||||||||||
| Temminck, 1826 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Filipynske poarperhin (Porphyrio pulverulentus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids waard de Filipynske poarperhin mei fiif oare soarten as ûndersoarte fan 'e poarperhingroep beskôge, dêr't ek de gewoane poarperhin, de Australyske poarperhin, de griiskoppoarperhin, de smaragdpoarperhin en de swartrêchpoarperhin ta hearden. Nei oanlieding fan yn 1997 en 2015 publisearre molekulêre fylogenetyske stúdzjes waard de poarperhin opdield yn seis soarten. Guon autoriteiten behannelje se lykwols noch jimmeroan as ûndersoarten.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte ûnderskiedt him fan oare soarten troch blekere fearren. De rêch en efterkant fan 'e wjukken binne brún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Filipynske poarperhin libbet op 'e Filipinen en op 'e Talaudeilannen, Yndoneezje. Yn 'e Filipinen wurdt er fûn op Luzon, Mindanao en oare gruttere eilannen. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdielling yn ûndersoarten is.
It habitat bestiet út in ferskaat oan wiete gebieten, swiet of brak wetter, fivers, marren, kanalen en rivieren mei in soad begroeiïng.
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út plantaardich materiaal lykas woartels, spruten, blommen en blêden en fierder ynsekten, slakken en lytse bisten. Hy wurdt meast yn ûndjip wetter en op driuwende wetterplanten sjoen.
Mear as ien wyfke kin aaien lizze yn itselde nêst. Ek meardere fûgels helpe by it brieden en fuorjen en mantsjes helpe sawol by it brieden as by it fuorjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN moat dizze fûgel noch beöardielje om't de organisaasje de Filipynske poarperhin net as in aparte soarte akseptearret. Nei alle gedachten nimme de oantallen fan 'e soarte ôf. De soarte is net algemien en it habitat fan 'e soarte rint gefaar troch wenningbou en omsetting yn lânbougrûn. Ek wurde yn dielen fan it ferspriedingsgebiet sûnt 2010 oare soarten poarperhinnen (de Australyske poarperhin en de swartrêchpoarperhin) waarnommen, dy't de Filipynske poarperhin út syn ferspriedingsgebiet wrotte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
