Springe nei ynhâld

Filipynske keningsprotters

Ut Wikipedy
Filipynske keningsprotters
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:protterfûgels (Sturnidae)
skaai:Filipynske keningsprotters (Goodfellowia)
Hartert, 1903
Soarten
Filipynske keningsprotter

De Filipynske keningsprotters (Goodfellowia) foarmje in monotypysk skaai fan protterfûgels. It skaai bestiet út ien soarte, de Filipynske keningsprotter (Goodfellowia miranda), dy't endemysk is op it Filipynske eilân Mindanao.

De soarte waard yn 1903 troch Ernst Hartert beskreaun en nei de Britske fûgelkundige Walter Goodfellow ferneamd. It skaai wurdt troch guon biologen noch wolris by it skaai Basilornis yndield, mar op basis fan DNA-ûndersyk út 2007 wurdt de soarte yn in apart skaai yndield.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeStatustrend
Filipynske keningsprotterGoodfellowia mirandagefoelichôfnimmend
Boarnen, noaten en/as referinsjes: