Filipynske bijefretter
| Filipynske bijefretter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Merops americanus | ||||||||||||
| Statius Müller, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Filipynske bijefretter (Merops americanus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nettsjinsteande it feit dat de wittenskiplike namme fan dit bist Merops americanus is, komt er net foar yn 'e Nije Wrâld. De beskriuwer, de Dútske soölooch Philipp Ludwig Statius Müller, hat hjirfoar gjin ferklearring neilitten. Foar 't neist giet it om in fersin.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in middelgrutte bijefretter fan 28 sm lang en liket tige op de Maleiske bijefretter (Merops viridis). De fûgel is boppe kastanjebrún (by de Maleiske bijefretter donkerbrún). Hy hat in swart masker mei dêrûnder in ljochtblauwe streek en in ljochtgrien kin en boarst. De búk is ljocht grien oant ljochtblau. De wjukken binne donkergrien en de sturt is turkwaze blau mei twa langere sintrale sturtfearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Filipinen. De fûgel wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat de fûgel net yn ûndersoarten ferdield wurdt.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Filipynske bijefretter wurdt yn iepen lânskip en gebieten dy't grinzgje oan boskgebieten oantroffen, ek yn strûken en gersfjilden. Dêr wurdt er sjoen op tûken fan deade beammen en tillefoantrieden. De soarte briedt fan febrewaris oant maaie yn útgroeven tunnels. In lechsel bestiet út trije oant fiif wite aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien en de populaasje is stabyl. De fûgel stiet as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
