Springe nei ynhâld

Filippus en Nikolaastsjerke (Veliki Novgorod)

Ut Wikipedy
Filippus en Nikolaastsjerke
Це́рковь апо́стола Фили́ппа и Никола́я Чудотво́рца
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
adresNikolskaja ûl., 34
koördinaten58°30'N 31°17'E
Arsjitektuer
boujier1527-1528
monumintale statuskultureel monumint
monumintnûmer5310029000
Webside
hiemside
Kaart
Filippus en Nikolaastsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Filippus en Nikolaastsjerke

De Tsjerke fan 'e Apostels Filippus en Nikolaas (Russysk: Це́рковь апо́стола Фили́ппа и Никола́я Чудотво́рца) is in dûbeltsjerke yn Veliki Novgorod, Ruslân.

It kompleks bestiet út de Filippustsjerke en de noardlik dêroan grinzgjende Nikolaastsjerke. Se ha in mienskiplike klokketoer.

Foar 1194 moat op it plak al in houten tsjerke stien ha. Yn 1383 waard op it plak in stiennen Filippustsjerke boud mei oan 'e noardlike kant in lytse kapel.

Yn 1527 waarden dêr twa nije tsjerken mei twa ferdjippingen boud, dy't troch twa ferskillende parochy's brûkt waarden: ien fan 'e Novgoroder bojaren en de oare fan 'e omwenjende befolking. Yn 1608 waarden de twa parochy's gearfoege. De Nikolaastsjerke waard yn 'e jierren 1659-1660 mei in tredde ferdjipping ferhege, mar yn 'e 18e iuw werombrocht nei twa ferdjippingen en degradearre ta in kapel. Yn 1898 folge de ôfbraak fan 'e Nikolaastsjerke.

Nei 1945 wie de Filippustsjerke in pear desinnia lang de iennige iepen tsjerke fan Novgorod. Yn 'e jierren 1960 en 1970 waard der bauhistoarysk en argeologysk ûndersyk op it terrein útfierd. Tusken 1977 en 1978 folge nei jierrenlang krewearjen lang om let de rekonstruksje fan 'e Nikolaastsjerke yn histoaryske styl.

Hjoed-de-dei wurde de tsjerken brûkt troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Philippus und Nikolaus (Weliki Nowgorod)