Filippus II

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Filippus II

Filippus II (382 f. Kr.336 f. Kr. ; yn it Gryksk: ΦΙΛΙΠΠΟΣ) wie de kening fan Masedoanje fan 359 f. Kr. oant syn dea. Hy wie de heit fan Aleksander de Grutte fan Masedoanje.

Masedoanje[bewurkje seksje | edit source]

De ynwenners fan Masedoanje waarden yn de fjirde ieuw foar Kristus troch de oare Grykse (stêd)steaten besjoen as in lomp boerefolkje, dat kultureel lang net meikomme koe op harren nivo. Hja hienen har noch net yn stêdssteaten organisearre mar wienen oan in kening ûnderhearrich, en dat wie foar de Griken in grûn de Masedoanjers net as Griken te sjen, hoewol't se wol in Gryksk dialekt sprutsen.

Kening[bewurkje seksje | edit source]

Filippus, dy't yn syn jonge jierren yn Tebe fêst sitten hie as giselder en dêr in goede oplieding hân hie, wist syn lân sa te organisearjen dat it in gefaar waard foar de rest fan Grikelân. De goudminen soargen foar it nedige kaptaal by de opbou fan syn leger, dat ferneamd wie om syn soldaten mei spearen fan wol fiif meter lingte.

Grêf[bewurkje seksje | edit source]

Op 8 novimber 1977 fûn de Grykse archeolooch Andronikos in-net fersteurde grêfkeamer yn in grutte heuvel by Vergina, yn it Noard-Grikelân. Yn in goudene kiste leinen neffens him de bonken fan Filippus, al seinen oare saakkundigen dat it de oerbliuwsels fan Filippus III, in healbroer fan Aleksander de Grutte, wêze moatte.