Filippo Juvarra
| Filippo Juvarra | ||
| arsjitekt | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | Italjaansk | |
| berne | 7 maart 1678 | |
| berteplak | Messina, Sisylje | |
| stoarn | 31 jannewaris 1736 | |
| stjerplak | Madrid | |
| wurk | ||
| bekendste wurk(en) | Basilyk fan Superga, Turyn | |
Filippo Juvarra (berne op 7 maart 1678 yn Messina, ferstoarn op 31 jannewaris 1736 yn Madrid) wie in Italjaanske arsjitekt.
Juvarra wie in learling fan 'e arsjitekt Carlo Fontana.
It iennige noch besteande bouwurk yn Rome fan Juvarra is de Cappella Antamoro (1708-1710) yn 'e tsjerke fan San Girolamo della Carità, tichteby it Piazza Farnese. De kapel hat in rike moarmeren lambrisearing en in orizjineel alterstik dat de himelfeart fan Sint-Filippus Neri foarsteld. It byld waard makke troch Pierre Legros de Jongere.

Juvarra is fral bekend fanwegen it ûntwerp foar de Basilyk fan Superga (1716-1727) yn Turyn. Dy waard út tankberens boud foar de befrijing fan Turyn nei it Frânske belis fan 1706. Lykas de measte barokke arsjitekten hie Juvarra in soad omtinken foar de lokaasje. De tsjerke stiet boppe op in steile heuvel, 450 m boppe de stêd. It ûntwerp is sa dat de klam op 'e koepel en de portikus komt te lizzen. De koepel waard beyfloede troch de koepel fan 'e Sint-Piter. De portikus is klassyk, mar de tuorkes binne yn 'e hege barokstyl mei woartels yn Borromini. De komplisearre bôge foarmen wiene lykwols seldsum yn Itaalje en komme mear yn Eastenryk en Súd-Dútslân foar, in typyske miks yn 'e letter ynternasjonale styl.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Filippo Juvarra fan Wikimedia Commons. |