Springe nei ynhâld

Filens

Ut Wikipedy
Filens
Bestjoer
gemeente Súdwest-Fryslân
himrik Skettens
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 5' NB, 5° 29' EL
Kaart
Filens (Súdwest-Fryslân)
Filens

Filens is in earder buorskip oan de Filenserwei noardlik fan Skettens yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Tusken Filens en de buorskip Harkesyl leit de Filenspolder.[1]

Filens waard yn 1528 foar it earst neamd as Fylens en yn 1543 as Filens. De terp waard yn 1543 oantsjut as Fillensera terp en Fellens terp. De plaknamme soe betsjutte kinne sokssawat as "plak/doarp fan File(bert)".

De famylje Fan Aylva, dêr't 11 telgen fan mei tuskenskoften fan 1456 oant fier yn 'e 18e iuw grytmannen fan Wûnseradiel west hawwe, hine njonken de Aylvastate, ek in stins yn Filens, ek Aylvastate neamd. Dy stins wie al lang lyn ôfbrutsen en dêr waard in pleats op it stee boud dy't ek de namme Aylvastate hie. Dy stie it tichtste by de Wytmarsumer Feart fan de oare twa pleatsen yn 'e buorskip. De pleats waard yn 1930 ôfbrutsen en oan 'e oare kant fan 'e Filenserwei by de buorskip Bittens fannijs opboud.[2]

Filens bestie út in trijetal pleatsen, mar yn 'e rin fan de 20e iuw ferdwûnen twa pleatsen, wêrûnder de Aylvastate, en bleau dêr mar ien pleats oer dy't der hjoed-de-dei noch stiet. De namme fan 'e buorskip ferdwûn dus ek sa stadichoan. De buorskip lei oan in bline wei, de Filenserwei, dy't nei de buorskip neamd is. Hjoed-de-dei stiet der in nijmoadrich pleatskompleks. De Filenserwei is ûnderwilens trochlutsen nei de buorskip It Fliet en ferbynt Skettens mei Wytmarsum. De namme fan dy dyk is de iennige dy't noch weromtinken docht oan 'e buorskip.

Filens foel earst ûnder de himrik fan Wytmarsum, mar kaam yn 1949, nei in weryndieling, ûnder Skettens.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Topotijdreis
  2. Baron Hessel van Aylva. Argivearre op 31 oktober 2016. Oproppen op 31 oktober 201631 oktober 2016.

  • Kadaster Geo Ynformaasje
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Filens
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje