Refizjonisme (fiksje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fiktyf refizjonisme)

Refizjonisme is yn 'e kontekst fan fiksje it werfertellen fan in konvinsjoneel of fêstige ferhaal mei oansjenlike oanpassings dy't mei opsetsin it útgongspunt fan it orizjinele wurk op 'e nij besjogge ('refizjearje'). It bekendste foarbyld fan sok fiksjoneel refizjonisme is de refizjonistyske western. Dat is in subsjenre fan it 'e western wêryn't bgl. de Yndianen (ynstee fan 'e blanken) of banditen (ynstee fan 'e sheriff) ôfskildere wurde as de protagonisten (ynstee fan as de antagonisten) of wêryn't de skieding tusken goed en kwea botte troebel is (wylst dat yn 'e tradisjonele western net it gefal is). In oar foarbyld fan fiksjoneel refizjonisme is The Merry Adventures of Robin Hood, in roman fan Howard Pyle út 1883, dy't it folksferhaal oer de bandyt Robin Hood dy't út en troch ris wat goeds die, omfoarme ta in ferhaal oer in held dy't ta omstannichheden twongen wurdt ta strûkrôverij en sa in foarfjochter fan it fertrape folk wurdt. Dêrtroch waarden alle moderne ôfskilderings fan Robin Hood yngeand beynfloede.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.