Fiktor III
| Fiktor III | ||
| amt en titulatuer | ||
| amt | paus fan Rome | |
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | 1086 – 1087 | |
| foargonger | Gregoarius VII | |
| opfolger | Urbanus II | |
| wurkpaad | ||
| kleasteroarder | Benediktinen | |
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Dauferio Epifani Del Zotto | |
| bertedatum | 1026 | |
| berteplak | Benevento | |
| stjerdatum | 16 septimber 1087 | |
| stjerplak | Monte Cassino | |
| etnisiteit | Italjaansk | |
| hillichferklearring | ||
| sillich ferkl. | 23 july 1887 | |
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 16 septimber (Martyrologium Romanum) | |
Paus Fiktor III (berne as Dauferio Epifani Del Zotto Desiderius yn Benevento yn ± 1026; ferstoarn yn Monte Cassino op 16 septimber 1087) wie paus fan 1086 oant 1087.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dauferio Epifani Del Zotto waard yn Benevento berne, yn it suden fan Itaalje. Yn 1058 waard er abt fan it kleaster Monte Cassino, in sintrum fan kultureel en religieus libben. Syn benediktynske kleasternamme wie Desiderius en ûnder syn bewâld waard it kleaster nei ferneatigingen op 'e nij opboud. Desiderius wie in trouwe stiper fan paus Gregoarius VII en de Gregoariaanske herfoarmingen, dy't ûnder oaren it ôfskaffen fan simony (it keapjen fan tsjerklike amten) en it hanthavenjen fan it selibaat ûnder geastliken beävensearren.
Pontifikaat (1086–1087)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart 1086 waard Desiderius ta paus fan Rome keazen. Hy wraksele lykwols tsjin en sei dat er net geskikt wie. Dêrnjonken wiene de omstannichheden yn Rome troch de ynvestituerstriid gefaarlik en de troch keizer Hindrik IV keazen tsjinpaus Klemens III (Guibert fan Ravenna) hie dêr ek macht. Desiderius flechte sels nei Terracina en waard dêr troch syn bruorren út Monte Cassino beskerme. Yn 'e maitiid fan 1087 liet er him lang om let dochs oerhelje om de kar te akseptearjen.
Under de namme Fiktor III waard er op 9 maaie 1087 yn de Sint-Piter fan Rome as paus kroand.
It pontifikaat duorre net lang en yn dat koarte skoft oerhearske it ferset fan 'e tsjinpaus Klemens III en de oanhâldende ûnrêst tusken de pauslike en keizerlike partijen.
Fiktor III organisearre yn Benevento in synoade, dêr't ûnder mear simony feroardiele waard.
Under paus Fiktor III waard ien fan 'e earste Europeeske militêre ekspedysjes ûnder pauslike segen tsjin islamityske machten organisearre. De paus stipe in grutte kristlike seetocht fan Italjaanske stêden tsjin de moslimhaven fan Mahdia yn Tuneezje. It doel wie om in ein oan 'e piraterij fanút Mahdia te meitsjen, dêr't fral Sisylje in soad fan te lijen hie, en de finzennommen kristlike slaven te befrijen. Mei de fjildtocht woe de paus in sinjaal jaan dat it de Tsjerke mienens wie mei de beskerming fan it kristendom. De Italjaanske float besette de haven en nei in fûle striid waard der in fredesakkoard mei de moslims ôftwongen. De kristlike slaven waarden frijlitten en Mahdia moast in foarse skeafergoeding oan Pisa en Genua betelje. De seetocht wie in soarte fan foarrinner fan 'e Earste Krústocht (dy't gjin tsien jier letter op fersyk fan 'e byzantynske keizer Aleksios I Komnenos yn 1095 ûnder Urbanus II opset waard).
Paus Fiktor III stoar yn Monte Cassino op 16 septimber 1087, dêr't er ek begroeven waard. Yn 1887 waard er troch paus Leo XIII sillich ferklearre.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fiktor III fan Wikimedia Commons. |
| Pausen yn 'e 11e iuw | ||
|---|---|---|
|
Jehannes XVII · Jehannes XVIII · Sergius IV · Benediktus VIII · Jehannes XIX · Benediktus IX · Silvester III · Benediktus IX · Gregoarius VI · Klemins II · Benediktus IX · Damasus II · Leo IX · Fiktor II · Stefanus IX (X) · Nikolaas II · Aleksander II · Gregoarius VII · Fiktor III · Urbanus II · Paskalis II |
||