Fyfde Slinke

De Fyfde Slinke is in tijslinke; in wetterril dêr't eb- en floedwetter troch streamt, dy't úterst oan de súdeastkant fan Skylge leit.
De Fyfde Slinke is hast de ein fan de Boskplaat. Fierder nei it westen binne de Hempollen, of Fjirde Dúntsjes en dêrfoarby de Fjirde Slinke; it earste wenplak is it doarp Easterein, sa'n 11 km nei it westen. Nei it easten biine gjin fjierdere dúnen, der is noch wat waakst, mar dan in stripe fan sân oant it Borndjip.
Fan de Waadsee út, foarmet de Fyfde Slinke de lêste iepening in it sân fan it eilân, en fan de noardkant út is dat eins net oers: By Fûgelwachterspost Amelanner Gat hâldt de Derk Hoekstra Stodyk op, dat dit lêste stik fan it eilân is nei beide kanten iepen. It streamgebiet fan de slinke leit min ofte mear by strânpeal 27, om't pealen 28 en 29 troch de see ferswolge binne. Lykwols is der mei opset sin in nije peal foar de ein fan it eilân delset, dat de minsken net troch it briedgebiet fan de fûgels begjinne te swalkjen. Oan de súdkant is de Kofjeplaat oan it eilân fêstgroeid.