Fier fan Alle Drokte

Ut Wikipedy
Fier fan Alle Drokte
algemiene gegevens
oarspr. titel Far from the Madding Crowd
auteur Thomas Hardy
taal Ingelsk
foarm roman
1e publikaasje 1874, as fúljeton
oarspr. útjwr. Cornhill Magazine
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fier fan Alle Drokte
publikaasje 2018, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 46 36 50 724

Fier fan Alle Drokte, yn it oarspronklike Ingelsk: Far from the Madding Crowd, is in roman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer en dichter Thomas Hardy (1840-1928). It wie Hardy syn fjirde roman en syn earste grutte literêre súkses. Fier fan Alle Drokte ferhellet oer de boerinne Bathsheba Everdene en har libben en relaasjes mei manlju, tsjin 'e eftergrûn fan in skynber idyllysk mar yn wurklikheid faak hurd bestean op it plattelân fan súdwestlik Ingelân.

It boek waard foar it earst (anonym) publisearre yn 1874, as fúljeton yn it tydskrift Cornhill Magazine. De doetiidske resinsjes wiene oer it algemien posityf. Hardy paste de tekst foar de edysje fan 1895 yngeand oan, en fierde fierdere feroarings troch yn 'e edysje fan 1901. Yn 2003 helle Far from the Madding Crowd it 48e plak op 'e literêre ranglist The Big Read fan 'e BBC, en de krante The Guardian parte it yn 2007 it 10e plak ta yn in ranglist fan 'grutste leafdesferhalen aller tiden'. It ferhaal waard ferskate keare ferfilme. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2018.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jonge skieppehoeder Gabriel Oak hat troch sunich te libjen genôch jild opsparre dat er, mei in oanfoljende liening, in pleats pachtsje en in keppel skiep keapje kin. Hy rekket fereale op 'e kreaze Bathsheba Everdene, dy't by har muoike yn itselde doarp komt te wenjen. Meitiid komme se goed mei-inoar yn 'e kunde, en Bathsheba rêdt Gabriel sels in kear it libben. As er har freget om mei him te trouwen, wiist se him lykwols ôf, mei't se tefolle wearde hechtet oan har frijheid, en te min oan him. Om't er him ferret en yn ferlegenheid brocht fielt, komt Gabriel mei botte tsjinwerpings dy't Bathsheba har heechhertichheid allinne mar oanwaakse litte. In pear dagen letter ferfart se nei it doarp Weatherbury, op in mylmannich ôfstân.

As se inoar wer moetsje, binne harren omstannichheden alhiel feroare. In ûnbedreaune nije hardershûn hat Gabriel syn hiele keppel oer in klif jage en himsels finansjeel yn it ferdjer stoart. Nei't er alles fan wearde fekocht hat dat er hat, kin er syn skulden ôfbetelje, mar is er strjitearm. Yn it stedsje Casterbridge siket er wurk op in boeremerk, en as er neat fine kin, besiket er it nochris yn Shottsford. Underweis dêrhinne stjit er op in pleats dy't yn 'e brân stiet. Hy betinkt him gjin momint, mar liedt oare foarbygongers by it blussen fan it fjoer. As de yn in wale klaaide eigneresse him komt te betankjen, blykt dat nimmen oars as Bathsheba te wêzen, dy't koartby in beërf fan har omke ûntfongen hat en no ryk is. Hoewol't harren omgong neat te noflik is, nimt se him oan as skieppehoeder.

Underwilens hat Bathsheba in nije bewûnderder opdien: har iensume buorman William Boldwood, in woltierige boer yn syn middeljierren. By dyselde wekket Bathsheba ûnbedoeld hertstocht foar har op, as se him by wize fan grap in falentynskaart stjoert mei de wurden "Trou mei my" derop. Boldwood nimt dat folslein serieus op, en rekket obsedearre troch Bathsheba. Al rillegau docht er har in oansyk. Hoewol't se net fan him hâldt, lit se it yn har omgean om him tawurd te jaan: hy is ommers de meast begearde frijfeint yn 'e hiele krite. Sadwaande stelt se it út om him in antwurd te jaan. As Gabriel har beskrobbet foar it boartsjen mei Boldwood syn gefoelens, jout se him dien. Mar dan reitsje har skiep oanhelle mei in besmetlike sykte, en ûntdekt se ta har argewaasje dat Gabriel de iennichste yn 'e fiere omkriten is dy't wit hoe't de bisten behannele wurde moatte. Har grutskens hâldt it ûntsjinkearbere op, wat Bathsheba in protte bisten en dêrmei jild kostet, mar úteinlik is se twongen en freegje him om help. Neitiid jout se him syn baan werom en fermoedsoenje de beiden har mei-inoar.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is om dy tiid hinne dat swierige serzjant Francis 'Frank' Troy weromkeart nei syn berteplak Weatherbury, dêr't er op in jûn by tafal Bathsheba tsjin it liif rint. Hoewol't sy him yn 't earstoan net lije mei, slacht dat by har al rillegau om yn ferealens, fral nei't er har opwynt troch har yn beslettenens in demonstraasje fan syn skermkeunst te jaan. Gabriel besiket Bathsheba har belangstelling foar Troy te ûntpraten, en seit tsjin har dat se better ôf wêze soe as se mei Boldwood troude. Dyselde toant agresje yn 'e rjochting fan Troy, sasear dat Bathsheba nei Bath ôfreizget om Troy te warskôgjen dat er net wer yn Weatherbury komme moat, om't se net wit wat Boldwood him oandwaan soe. Troy lit him lykwols net fuortjeie, en as er mei Bathsheba weromkomt, biedt Boldwood him jild oan om Bathsheba op te jaan. Troy beart dat er dat yn him omgean lit om Boldwood op 'e ferkearde skonk te setten, en wiist it jild dan mei minachting ôf om dêroan ta te foegjen dat hy en Bathsheba yn Bath al troud binne. De fernedere Boldwood jout him ôf en swart wraak.

Serzjant Troy lit Bathsheba syn skermkeunst sjen
Helen Allingham (1848–1926)

Al gaueftich ûntdekt Bathsheba dat har nije man in gokferslaafde liddichgonger is dy't gjin inkele belangstelling hat foar it boerebedriuw. Mar wat noch minder is: se begjint te fermoedzjen dat er hielendal net fan har hâldt. Dêr hat se gelyk oan, want it hert fan Troy heart ta oan Bathsheba har eardere tsjinstfaam Fanny Robin. Ear't er mei Bathsheba yn 'e kunde kaam, hie Troy ûnthjitten om mei Fanny te trouwen, mar op 'e troudei teach it troch ûngelok efterfolge fanke nei de ferkearde tsjerke ta. Neitiid besocht se har fersin út te lizzen, mar Troy, dy't fernedere wie trochdat syn breid net opdaagjen kaam foar it sluten fan it houlik, woe neat mear mei har te krijen hawwe. Wat er net wist, wie dat Fanny doe al yn ferwachting wie fan syn bern.

In stik as wat moannen letter treffe Troy en Bathsheba Fanny as se yn in steat fan flosleine behoeftigens op pynlike wize ûnderweis is nei it earmehûs yn Casterbridge. Troy stjoert syn frou mei it reau fuort ear't se it fanke werom ken. Sels jout er Fanny al it jild dat er by him hat, mei it ûnthjit dat er har oer in pear dagen mear bringe sil. Neitiid brûkt Fanny har lêste krêften op om har bestimming te berikken, dêr't se in pear oeren letter yn it kreambêd komt te ferstjerren, en har poppe mei har. Mem en bern wurde dan tegearre yn in deakiste lein en sa weromstjoerd nei Weatherbury om dêr begroeven te wurden. Gabriel, dy't ôfwist fan Troy syn relaasje mei Fanny, besiket it bestean fan 'e poppe foar Bathsheba geheim te hâlden, mar Bathsheba nimt de deakiste fan har âld-tsjinstfaam foar de nacht yn har hûs op, en as har nije tsjinstfaam Liddy har fertelt oer it geroft dat Fanny swier wie, giet Bathsheba der te neare nacht ôf, iepenet de kiste en sjocht de beide stoflike omskotten dy't deryn lizze.

Fanny Robin ûnderweis nei it earmehûs fan Casterbridge.

Dêrop komt Troy thús út Casterbridge, dêr't er hinne gien wie om Fanny mear jild te bringen. As er de reden fan syn fergese reis sjocht, tutet er it lyk fan syn faam sêftkes en seit dan tsjin syn frou: "Dizze frou is my mear wurdich, ek al is se dea, as datsto ea wiest of bist of wêze kinst." De oare deis brûkt er al syn jild om in moarmerne grêfstien te keapjen mei de ynskripsje: "Oprjochte troch Francis Troy yn leafdefolle neitins oan Fanny Robin". Dêrnei jout er him ôf, mei't er walget fan himsels en Bathsheba har selskip net mear ferdrage kin. Nei in lang ein rinnen baait er yn see, wêrby't er syn klean op it strân efterlit. In sterke streaming spielt him fuort, mar hy wurdt rêden troch immen yn in roeiboat.

In jier letter is der noch altyd gjin nijs fan Troy, en om't syn klean op it strân fûn binne, giet men derfan út dat er himsels yn 'e see ferdronken hat. Tsjin dy tiid freget Boldwood Bathsheba op 'e nij om mei him te trouwen. Mei tsjinnichheid seit se ta om dat oer seis jier te dwaan, wat langernôch is om Troy foar de wet deaferklearje te litten. Mar Troy is alhiel net dea, en as geroften him berikke dat Boldwood om syn frou stiket, keart er op krystjûn werom nei Weatherbury om syn eigen oanspraken op Bathsheba krêft by te setten. Dat docht er troch nei Boldwood syn pleats te gean, dêr't in feest geande is, en Bathsheba, dy't dêr oanwêzich is, te oarderjen om mei him nei hûs ta. As se tebekskrillet foar syn hommelse ferskining, grypt er har by de earm. Dêrop jout se in gjalp, en as Boldwood dat heart, sjit er Troy dea, wêrnei't er om 'e nocht selsmoard besiket te dwaan. Hoewol't Boldwood foar moard feroardiele wurdt ta de deastraf, tsjinje syn freonen in smeekskrift yn by de minister fan Binnenlânske Saken, wêryn't se syn die op sljochtsinnigens smite. It fûnis wurdt dan omset yn finzenisstraf. Underwilens lit Bathsheba, dy't djip beskamme is en ferfolle mei gefoelens fan skuld en rou, har man begrave yn itselde grêf as Fanny Robin en har bern.

Troch alle beproevings hinne begjint Bathsheba almar mear te fertrouwen op har âldste, en, sa moat se einlings oan harsels tajaan, bêste freon: Gabriel. As dyselde har oanseit dat er fan doel is om earne oars wurk te sykjen, beseft se dat se net mear sûnder him kin. Dy jûns siket se him op yn syn arbeidershúske, om him te freegjen wêrom't er har no yn 'e steek lit. As se him dêrop ferget, jout er mei tsjinnichheid syn reden ta: Bathsheba har goede namme begjint besmodzge te reitsjen troch geroften dat hy mei har trouwe wol. Oer it mad kommen ropt se út dat dat "fierstente absurd – fierstente gau – [is] om oan te tinken!" Ferbittere jout er har gelyk dat it te absurd is, mar dan ferbetteret se him en neamt it allinnich "te gau". Dat jout him de moed om har op 'e nij te freegjen en trou mei him. Diskear jout se tawurd, en se trouwe yn besletten fermidden.

De tsjerke fan Puddletown, by Dorchester, dy't model stie foar de tsjerke fan Hardy syn optochte doarp Weatherbury.

Titel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel Far from the Madding Crowd helle Hardy út in gedicht fan Thomas Gray, Elegy Written in a Country Churchyard ("Treursang Skreaun yn in Tsjerkhôf op it Plattelân"), út 1751:

Far from the madding crowd's ignoble strife
Their sober wishes never learn'd to stray;
Along the cool sequester'd vale of life
They kept the noiseless tenor of their way.

De útdrukking "far from the madding crowd" betsjut dêr letterlik "fier fan 'e gekmeitsjende kliber". Literatuerkritika Lucasta Miller hat derop wiisd dat de titel in iroanyske literêre grap is, mei't Hardy yn Far from the Madding Crowd net stilte en besletten kalmte ideälisearret, sa't Gray docht, mar krekt "it lûd en de razernij" fan "in ekstreme plot" yntrodusearret yn in sliepperich dekôr.

De titel Far from the Madding Crowd is gauris yn al of net justjes oanpaste foarm brûkt yn 'e moderne popkultuer, û.m. as namme fan ferskate muzykalbums en lietteksten. En fantasyskriuwer Robert Jordan waard dertroch ynspirearre om yn syn romansearje The Wheel of Time in ôfhandich leine stêd de namme 'Far Madding' te jaan.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Far from the Madding Crowd is adaptearre ta:

De omslach fan 'e earste edysje fan Far from the Madding Crowd, út 1874.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Far from the Madding Crowd waard yn 2018 ûnder de titel Fier fan Alle Drokte yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear, dy't earder ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan in oare roman fan Hardy, Tess fan de D'Urbervilles. Beide ferskynden by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, fan útjouster Jitske Kingma. De útjefte fan 'e Fryske oersetting fan Far from the Madding Crowd waard mooglik makke troch finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân en de Stichting Kristlik Frysk Folksboek. De omslach fan 'e oersetting waard makke troch Evelien Veenstra.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hardy, Thomas, Fier fan Alle Drokte (oers. Geart fan der Mear), Ljouwert, 2018 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 46 36 50 724.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.