Fier!

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fier!
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd sûnenssoarch
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1978 [1]
offisjele webside
www.fier.nl

Fier!, of ek wol Fier Fryslân, is in nasjonaal Nederlânsk ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes, dat oer fjouwer fêstigings beskikt. It waard yn 1978[1] oprjochte yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert, dêr't sadwaande noch altyd de haadfêstiging is. De namme 'Fier!' hat neat mei it Fryske wurd "fier" te krijen, mar slacht op it (argayske) Nederlânske wurdt fier, dat "grutsk" betsjut: men wol de pasjinten wer grutsk op harsels meitsje.

Yngeandere beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fier! is in ekspertize- en behannelsintrum op it mêd fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes (d.w.s. relaasjes dy't sterk út lykwicht binne wat de macht oanbelanget dy't de beide belutsenen opinoar útoefenje). It leit him dêrby ta op it foarkommen fan geweld, it stopjen fan geweld en it bieden fan profesjonele help oan slachtoffers fan geweld. Konkreet giet it almeast om húslik geweld, bernemishanneling, ear-relatearre geweld, minskehannel, twongen prostitúsje en loverboyproblematyk. Fier! kombinearret yn dat ramt spesjalisearre opfang, begelieding en soarch yn in feilich hinnekommen mei ynnovaasje en wittenskiplik ûndersyk.

In protte pasjinten fan Fier! binne yn slimmere of lichtere mjitte traumatisearre en faak bestiet der tsjin harren ek in (yn guon gefallen tige earnstich) drigingsnivo dat útgiet fan 'e dieder(s). Dêrfandinne wurket Fier! nau gear mei de plysje en it Iepenbier Ministearje en genietet it de tsjinsten fan spesjalisearre befeiligers. Fierders besiket Fier!, ynstee fan ynsidinten te bestriden, mei in strukturele oanpak fan swierrichheden just direkt en dynamysk yn te spyljen op ûntjouwings en fraachstikken yn 'e Nederlânske maatskippij. Dêrta biedt Fier! net inkeld behanneling oan slachtoffers fan geweld en tsjûgen (yn 'e regel bern), mar ek oan dieders.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fier! is in stifting, dy't yn septimber 1978 yn Ljouwert as selsstannige organisaasje oprjochte waard. Anno 2018 binne der ek fêstigings yn Grins, Rotterdam en De Haach. Fan 31 desimber 2009 ôf wurdt Fier! bestjoerd troch in twakoppich bestjoer, dat bestiet út in foarsitter en ien oar bestjoerslid, dy't lykwols tegearre foech hawwe. Dêrnjonken is der in ried fan tafersjoch dy't sizzenskip oer it bestjoer hat.[1]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 {{{1}}}. Fier! jierferslach 2016