Springe nei ynhâld

Fiedselstring

Ut Wikipedy
In foarbyld fan in fiedselstring. Sjoch de tekst foar útlis.

In fiedselstring[1] of fiedselkeatling is in lineêr netwurk fan ferbinings op it mêd fan iten yn in natuerlik ekosysteem. It lit de oerdracht fan fiedingsstoffen sjen fan 'e iene soarte nei de oare, begjinnende by in autotroof (bgl. gers of algen) en einigjend mei in toprôfdier (bgl. de liuw, de keningsearn of de wite haai). It is net itselde as in fiedselweb, mar foarmet ynstee ien string fan sa'n web.

De ôfbylding rjochts lit in foarbyld fan in fiedselstring sjen, sa't dy foarkomt yn marren yn Sweden. Dêr fermannichfâldigje algen har mei fotosynteze, wêrby't se foar har eigen ferlet fan enerzjy út sinneljocht, wetter en koalstofdiokside koalhydraten oanmeitsje dy't tsjinje as boustoffen foar harren sellen. Lytse kreefteftigen frette de algen op en helje dêr harren enerzjy út. Sels wurde de kreefteftigen opfretten troch de wever, dy't wer opfretten wurdt troch de bears, dy't wer opfretten wurdt troch de snoek, dy't wer opfretten wurdt troch de fiskearn. De fiedingsstoffen, dêr't de bisten har enerzjy úthelje, wurde kear op kear trochjûn.

Oan 'e hân fan in fiedselstring wurde ûnderlinge relaasjes dúdlik tusken de ferskillende soarten dy't yn itselde ekosysteem libje. Sadwaande spylje fiedselstringen in wichtige rol yn 'e measte biologyske ûndersiken. Se wurde kwantifisearre nei lingte: it tal trofyske nivo's (fan trofikos, Gryksk foar "fiedend") tusken it begjin en de ein fan 'e string. Fan alle fiedselstringen hat 90% mar trije oant fiif fan sokke nivo's. De langst bekende fiedselstring, mei fytoplankton as autotroof, telt tsien trofyske nivo's.

Stabiliteit fan 'e fiedselstring is tige wichtich foar it oerlibjen fan 'e measte soarten. As der mar ien elemint út 'e string ferwidere wurdt, bygelyks troch it útstjerren fan in bistesoarte, kin dat foar oare soarten út itselde fiedselstring al funest wêze en ek ta útstjerren liede. Ek is it sa dat behalven fiedingsstoffen ek oare stoffen mei in negative útwurking fia in fiedselstring trochjûn wurde kinne. Men kin dan tinke oan lânbougif of mikroplestiks. Gif is faak net deadlik foar de soarten ûnderoan it fiedselstring, om't dy op yndividuele basis mar in lyts bytsje binnenkrije. Mar yn 'e soarten boppe-oan it string heapet it gif him gear en kin it dêrom wol in deadlike útwurking hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 477.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.