Fiebing
Appearance
| Fiebing Fiiben | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Lânkring | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 164 (21 july 2022)[1] | |
| Oerflak | 4,12 km² | |
| Befolkingsticht. | 40 /km² | |
| Hichte | 9 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26629 | |
| Netnûmer | 04946 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 21' N 7° 40' E | |
| Kaart | ||
Fiebing (Eastfrysk Plat: Fiiben[2]) is in doarp yn it suden fan 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk. Der wenje 164 minsken (2022).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feankoloanje Fiebing waard yn 1783 stifte en is neamd nei de earste kolonist Tamme Tammen Fiebing. Yn it tsjerkboek fan Uplengen waard it yn 1797 Fiebing-Feld neamd, yn it tsjerkboek fan Strackholt waard it yn it tiidrek 1791-1806 oantsjut as Fiebingsfehn. Lang om let waard it gewoan Fiebing.[3]
Tsjerklik sjoen heart it doarp ta de karspel Strackholt. Sûnt 1 july 1972 heart it plak ta de gemeente Großefehn.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside fan de gemeente
- Beskriuwing fan Fiebing yn it histoaryske doarpedatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Helmut Sanders: Die Moorkolonien im Kirchspiel Strackholt, Fiebing - Voßbarg - Zwischnebergen: Ihre Geschichte vom 18. Jahrhundert bis 20. Jahrhundert (Teil I) yn: Unser Ostfriesland Nr. 4/1999, bylage yn 'e Ostfriesen-Zeitung fan 20 febrewaris 1999
- Helmut Sanders: Die Moorkolonien im Kirchspiel Strackholt, Fiebing - Voßbarg - Zwischnebergen: Ihre Geschichte vom 18. Jahrhundert bis 20. Jahrhundert (Teil II) yn: Unser Ostfriesland Nr. 5/1999, bylage yn 'e Ostfriesen-Zeitung fan 24 maart 1999
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Großefehn | ||
|---|---|---|
| Haadplak: Ostgroßefehn | ||
| Doarpen: Akelsbarg • Aurich-Oldendorf • Bagband • Felde • Fiebing • Holtrop • Mittegroßefehn • Spetzerfehn • Strackholt • Timmel • Ulbargen • Westgroßefehn • Wrisse | ||