Ficciones
Appearance

Ficciones (Spaansk foar "Fiksjes") is in bondel koarte ferhalen troch de Argentynske skriuwer Jorge Luis Borges, út 1944. It wurk wie earder as El jardín de senderos que se bifurcan (Spaansk:De Tún fan Ferspriedende Paden) útjûn, mei acht ferhalen; yn 1944 waarden der seis ferhalen taheakke, en waard de titel Ficciones. Yn 1956 waard it boek, ûnder deselde titel, noch útwreide mei nochris trije ferhalen.
Ficciones waard Borges syn ferneamdste boek en makke him wrâldwiid bekend. It boek is opdroegen oan skriuwster Esther Waborain de Torres Duggan, in freondinne en meiwurkster fan Borges.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ficciones waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
