Springe nei ynhâld

Fibula fan Doarestêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fibula fan Dorestêd)
Fibula fan Doarestêd

De Fibula fan Doarestêd is in unike fibula (mantelspjelde) dy't makke wêze moat oan de ein fan de 8e iuw. De brosj waard yn 1969 fûn by in archeologyske opgraving fan de Nederlandse Jeugdbond voor Geschiedenis (NJBG) yn it eardere rike hannelsplak Doarestêd (no Wijk bij Duurstede). It foarwerp waard fûn yn in âlde wetterput.

De Fibula fan Doarestêd is tsjintwurdich te besjen yn it Ryksmuseum fan Aldheden te Leien.

Nei alle gedachten is de brosj tusken 775 en 800 yn it doetiidske Keninkryk Boergondië makke, yn de tiid fan Karel de Grutte. Hy hat in diameter fan 8,5 sintimeter en is útfierd yn goud, fersierd mei cloisonnéwurk en ynlein mei ferskillende kleuren glês, almandyn en pearels by de râne del. It ynliswurk hat kristlike foarmen, lykas twa krusen yninoar yn de styl fan tsjerklik edelsmeiwurk. In pear stiennen dêrfan binne ferlern gien, lykas de spjelde oan de achterkant dêr't de brosj op de klean mei befêstige wurde koe.

Mooglik is de brosj yndertiid ferburgen yn de wetterput, ûnder de plunderingen troch Wytsingen yn Dorestêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: