Fetplant
In fetplant of sukkulint (fan it Frânske succulent) is in plant dy't wetter opslacht en dy't dêrtroch fertsjûke, fleizige en opsette dielen hat. Sokke planten komme ornaris foar yn drûge klimaten of op grûn dy't gjin reinwetter fêsthâlde kin. Bekende soarten fetplanten binne kaktussen en aloës. Kaktussen binne stâlesukkulinten, wylst aloës blêdsukkulinten binne. It ferskil leit him deroan wêr yn it lichem fan 'e plant it wetter opslein wurdt.

Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fetplanten kinne wetter opslaan yn ferskate dielen, lykas de blêden, de stâle, de stam of de tûken. Party fetplanten kinne wol foar 90–95% út wetter bestean, lykas it healrûn tongblêd (Glottiphyllum semicylindricum) of Barkley's middeisblom (Mesembryanthemum barkleyi). Sommige definysjes fan fetplanten litte ek romte foar it omfetsjen fan planten dy't wetter yn 'e woartels opslane, sadat geofiten dy't ûngeunstige perioaden oerlibje troch har boppegrûnske dielen ôfstjerre te litten en te tarjen op it wetter yn 'e ûndergrûnske dielen, ek as fetplanten beskôge wurde kinne.
De biotopen dêr't fetplanten groeie, binne faak kriten mei hege temperatueren by dei (hoewol't it der nachts goed kâld wêze kin) en in lege jierlikse delslach of in lege effektive delslach (wêrby't wol in protte rein falt, mar alles tagelyk yn ien of twa kear yn 't jier, sadat hast alles fuortendaliks wer fuortstreamt). By dat soarte gebieten giet it benammen om woastinen en healwoastinen. Mar fetplanten groeie ek op tige sânige of rotsige ûndergrûnen, dy't gjin wetter fêsthâlde kinne, ek al is der op himsels genôch delslach. Dêrby kin men tinke oan beskate ekosystemen yn berchtmen.
Fetplanten wurde karakterisearre troch harren fermogen om mei beheinde wetterboarnen ta te kinnen, troch bygelyks mist, dize en dau op te nimmen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
