Springe nei ynhâld

Fetweefsel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fet (weefsel))
Búkfet fan in baarch (wyt).

Fetweefsel, ek bekend as lichemsfet of koartwei fet, is in type bynweefsel dat bestiet út adiposyten, dy't ek wol liposyten of fetsellen neamd wurde, mei dêropta ekstrasellulêre floeistof, senuwen en bloedfetten. De haadfunksje fan dit type weefsel is om enerzjy yn 'e foarm fan fet op te slaan, mei as bykommende funksjes om ûnder de hûd in beskermjende laach oer it lichem te foarmjen en om it lichem te isolearjen. It hat in wichtige endokrine funksje by it produsearjen fan hormoanen lykas leptine, resistine en TNF-α. Wyt fetweefsel komt it measte foar, mar sûchdieren kinne ek brún fetweefsel hawwe.

Der binne ferskate soarten fetweefsel: ûnderhûds fetweefsel (of subkutaan fetweefsel), fisseraal fetweefsel (dat om 'e organen hinne sit) en ynterstisieel fetweefsel tusken sellen en it giel moarch yn it bienmoarch. It measte fetweefsel sit lykwol ûnder de hûd en isolearret dêr it lichem tsjin sawol kjeld as hjittens. Om 'e organen hinne foarmet it in beskermjende opfolling, dy't foarkomt dat de organen binnen it lichem slim ferskowe kinne. Mar de wichtichste funksje fan fetweefsel bliuwt altyd de opslach fan fiedingsstoffen.

Boppemjittich fetweefsel by de minske wurdt yn 'e moderne maatskippij faak as in estetysk en medysk probleem beskôge. As medyske oandwaning wurdt soks obesitas neamd. By sterk (morbide) obese persoanen hinget it oerstallige fetweefsel benammen op 'e búk troch de swiertekrêft by it lichem del. Sokke fetrôlen komplisearje sjirurgyske yngrepen en kinne by it sterk ôffallen fan gewicht as in soartemint "skelk" fan hûd efterbliuwe, mei't de hûd net wer ynkrimpt as er ienris yn dy mjitte oprutsen is.

Yn it ferline waard fetweefsel by de minske faak sjoen as in teken fan wolfeart en dêrom as seksueel oantreklik. (Yn net-Westerske maatskippijen is dat noch wol sa.) Sa kinne froulju op skilderijen út 'e Nederlannen dy't datearje út 'e sechstjinde en santjinde iuw wielderige foarmen hawwe dy't tsjintwurdich net as oantreklik beskôge wurde, mar doe krekt wol. De Flaamske skilder Peter Paul Rubens is dêr sa bekend mei wurden dat sokke wielderige froulju "rubenesk" neamd wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.