Ferrotting

Ferrotting of (mei in eufemisme) ûntbining is it proses wêrby't deade organyske materialen ôfbrutsen wurde ta ienfâldiger organyske en anorganyske stoffen, lykas koalstofdiokside, wetter, sachariden en minerale sâlten. Dat proses makket diel út fan 'e fiedingsstoffesyklus en is fan essinsjeel belang foar it werbrûken fan einich materiaal dat yn 'e biosfear fysike romte ynnimt. Ferrotting is net inkeld te sjen, mar ek te rûken, mei't ferrotting, benammen fan lichems fan dierlike organismen, in rook ôfjout dy't foar de minsklike rooksin as in ûnoangename stank ûnderfûn wurdt. De tûke fan 'e wittenskip dy't it ferrottingsproses bestudearret, is de tafonomy, fan it Grykske wurdt τάφος, tafos, dat "grêftombe" betsjut.
Ferrottingsproses
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ôf te brekken stoffen kin it gean om deagiene organismen, mar ek om bygelyks dong, urine, ôffallen hûdsellen en blêden en los rekke hierren, fearren of tûken. De liken fan organismen begjinne koart nei de dea te ferrotsjen. Hoewol't gjin twa organismen op persiis deselde wize ferrotsje, ûndergeane se allegearre deselde opienfolgjende stadia fan it ferrottingsproses.
Dierlik materiaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferstjerren fan in bist wurdt troch it ûntbrekken fan 'e fitale funksjes de tafier fan enerzjy nei de sellen stopsetten. Sûnder nije enerzjy bliuwe dy sellen noch mar koarte tiid yn libben, fan inkele minuten foar senuwsellen oant inkele dagen by beskate bynweefselsellen. Dêrnei geane ek de yndividuele sellen dea by in proses dat de sellulêre dea neamd wurdt. Wannear't dat ienris syn beslach krigen hat, begjint it ûntbiningsproses.
Ferrotting fan it deade lichem fan in bist wurdt feroarsake troch twa faktoaren: it fertarren fan weefsels troch de eigen ynterne gemyske prosessen en enzymen fan it lichem (autolyze); en de oantaasting fan weefsels troch mikro-organismen, wêrûnder baktearjes.
De baktearjes yn it spiisfertarringsstelsel krije frij spul as it ôfwarsysteem fan it lichem nei de dea net mear funksjonearret. De deade sellen wurde dan foer foar de baktearjes, wêrby't gassen as koalstofdiokside, wettersofsulfide, ammoniak, metaan en oare flechtige ôfbraakprodukten frijkomme. De faasje fan it ferrottingsproses hingt sterk ôf fan 'e omstannichheden fan it om-en-by: wat waarmer en fochtiger it is, wat flugger oft de ferrotting giet. Dat betsjut dat it ferrottingsproses yn in tropysk reinwâld tige fluch giet, mar op 'e toendra folle stadiger.
De hûd ferkleuret yn 'e earste dagen nei it deagean ta grien en wurdt nei likernôch fjirtjin dagen stadichoan swart. De tiid dy't dêrfoar nedich is, hinget ek wer sterk ôf fan 'e temperatuer fan it om-en-by. De lichemstemperatuer fan it lyk, dy't nei it deagean sakke wie ta de temperatuer fan it om-en-by, begjint nei in skoft wer op te rinnen troch de waarmte dy't frijkomt by de ôfbraakprosessen. Troch de produsearre gassen en de foarming fan rottingsfocht swolt it lichem op. As it yn it wetter leit en nei de boaiem sakke wie, komt it troch de gasfoarming wer boppe driuwen, mei't de gassen lichter binne as wetter. De ûnderskate gassen soargje ek foar de stjonkende likerook dy't karakteristyk is foar deade lichems.

Nei 5–8 dagen litte de hierren los en nei 10 dagen de neilen ek. Mei 2 wiken ûntsteane der rottingsblierren. Uteinlings binne, inkele wiken nei it deagean, de weake dielen fan it lichem (organen, hûd) fertard en omset yn gassen en floeistoffen. Inkeld it skelet en it gebit bliuwe dan oer. Yn foar baktearjes ûngeunstige (bgl. te drûge) omstannichheden kinne de weake dielen fan it lichem mummifisearje ynstee fan ferrotsje.
Plantaardich materiaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferrotting fan plantaardich materiaal wurdt yn haadsaak feroarsake troch mikro-organismen, lykas baktearjes, skimmels en ynsekten. Hourot wurdt yn 'e gebouwen benammentlik feroarsake troch houtrotskimmels. Foar ferrotting troch mikro-organismen is de beskikbere soerstof, it fochtgehalte en de beskikberens fan û.o. stikstof fan belang.
Plantaardich materiaal tsjinnet ek as iten foar dierlike organismen, sawol yn farske foarm, as konservearre troch bygelyks drûging (hea) of fersuorring (kuil). By konsumpsje troch bisten wurdt it plantaardich materiaal yn it mage-termstelsel by it spiisfertarringsproses ôfbrutsen troch enzymen, dy't faak (foar in diel) ôfkomstich binne fan 'e yn 'e terms libjende symbioatyske baktearjes en protosoën.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
