Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ferrizenistsjerke

Воскресенская церковьь

Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf
Ferrizenistsjerke op it Smolensker tsjerkhôf
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Saint Petersburg Russia.svg Sint-Petersburch
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1901-1904
arsjitekt V.A. Demjanovsky
boustyl Narysjkin- of Moskouse barok

De Ferrizenistsjerke (Russysk: Воскресéнская церковь) is ien fan de tsjerken op it grutte Smolensker tsjerkhôf op it Vassiljevski-eilân yn Sint-Petersburch, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de tsjerke by de wichtichste tagong fan it Smolensker tsjerkhôf waard yn 1901 begûn. It gebou is neffens in plan fan de arsjitekt V.A. Demjanovsky boud en al yn 1904 wie de tsjerke foltôge. De styl fan it gebou is foar Sint-Petersburch ûngewoan. It is de iennige tsjerke yn Sint-Petersburch dy't de saneamde Narysjkin- of Moskouse barok fertsintwurdiget, dêr't yn Moskou en omkriten mear foarbylden fan te finen binne. De Ferrizenistsjerke waard in elegante tsjerke fan reade bakstien mei ljochtkleurige dekoraasjes en in hege achthoekige toer mei in fergulde sipel as bekroaning. Ek boppe de beide sydkapellen feriisden twa sipels.

Ferneatiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lang hat de tsjerke gjin tsjinst dien. Yn jannewaris 1930 waard de tsjerke op lest fan de ateïstyske oerheid sletten en ferboud ta herberch. De preester waard arrestearre en feroardiele ta tsien jier Goelag. Hy waard yn 1938 eksekutearre yn it kamp Svirlag, likernôch 240 kilometer noardeastlik fan Sint-Petersburch.[1] De tsjerklike rykdom en binnenarsjitektuer fan de Ferrizenistsjerke waarden folslein ferneatige. Alle trije koepels gyngen ferlern. Yn 1977 krige de eardere tsjerke in nije bestimming en waard it ferboud ta gemaal, itjinge ta fierdere degradaasje fan it eardere tsjerkegebou late.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It restant fan it gebou waard yn 1991 werom jûn oan it bisdom Sint-Petersburch, dy't opdracht joech ta de rekonstruksje fan de Ferrizenistsjerke. Yn de earste helte fan 2010 binne de koepels wer yn eare hersteld. Yn 2016 moast in betonnen ûntsierende ôffreding plak meitsje foar in smei-izeren ôffreding.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke fûn op 10 augustus 1921 de routsjinst plak fan Aleksander Blok, dy't op it hôf begroeven is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенская церковь на Смоленском кладбище