Springe nei ynhâld

Bioko

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fernando Pó)
Bioko
geografy
lokaasjeGolf fan Guinee
lân Ekwatoriaal-Guinee
koördinaten3° 29' NB 8° 42' EL
algemien
belangrike plakkenMalabo
ynwennertal335.048 (2015)
sifers
maks. lingte70 km
maks. breedte32 km
oerflak2.017 km²
heechste puntPico Basilé (3011 m)
kaart
Bioko (Ekwatoriaal-Guinee)
Bioko

Bioko (histoaryske namme: Fernando Pó) is in eilân yn 'e Golf fan Guinee foar de kust fan West-Afrika. Bioko is ûnderdiel fan Ekwatoriaal-Guinee en lykas de oanbuorjende eilannen Sao Tomee en Prinsipe hat Bioko in fulkanyske oarsprong en in bercheftich lânskip.

Bioko hat 335.048 ynwenners (2015) op in oerflak fan 2.017 km².

It 70 km lange en 32 km brede eilân leit likernôch 100 km út de súdkust fan Nigearia en 160 km noardwestlik fan it fêstelân fan Ekwatoriaal-Guineä. De haadstêd is Malabo, dat yn 'e koloniale tiid Santa Isabel hiet en oan 'e noardkust fan it eilân leit.

Yn 'e koloniale tiid stie it eilân bekend as Fernando Pó, nei de ûntdekkingsreizger Fernão do Pó, en dêrnei in pear jier as Masie Ngueme Biyogo Island. It eilân krige syn hjoeddeiske namme yn 1979. De lokale ynwenners, de Bubi, neame it eilân ek Otcho. It grutste part fan é befolking wennet yn 'e haadstêd.

Bioko is bestjoerlik ferdield yn twa provinsjes: Bioko Norte en Bioko Sur en telt njonken Malabo noch fjouwer gemeenten: Baney, Luba, Rebola en Riaba.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bioko fan Wikimedia Commons.