Springe nei ynhâld

Fermiljoenkardinaal

Ut Wikipedy
Fermiljoenkardinaal

Mantsje.

Wyfke.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekardinaalfûgels (Cardinalidae)
skaaikardinalen (Cardinalis)
soarte
Cardinalis phoeniceus
(Bonaparte, 1838)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fermiljoenkardinaal (Cardinalis phoeniceus) is in fûgelsoarte en ien fan 'e trije soarten yn it skaai kardinalen (Cardinalis) út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De fermiljoenkardinaal is mear besibbe oan 'e woastynkardinaal (C. sinuatus) as de reade kardinaal (C. cardinalis).

De fermiljoenkardinaal wurdt 19 sm lang. Beide skaaien ha lange opsteande fearren op 'e kroan. It mantsje is hast hielendal read, alhoewol't it fan tige helderread oan wat donkerder ferskilt. It hat in smelle swarte bân om it ûnderste diel fan syn swiere grize snaffel. De kroan fan it wyfke is griis en de lange fearren fan 'e túf binne readeftich. De rest fan 'e kop is brúnichgriis mei wite plakken by de snaffel. De boppekanten fan it wyfke binne griisbrún oant waarmbrún op 'e stút, wylst se fan ûnder feal kanielkleurich is. Juvenilen binne lykas it wyfke, mar bruner.

De sang fan 'e soarte bestiet út in melodysk en stadich fluitsjen.

De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten wurdt ferdield.

De soarte hat twa aparte ferspriedingsgebieten. It iene ferspriedingsgebiet leit fan noardeastlik Kolombia oant ýn 'e steat Lara yn noardlik Fenezuëla. It oare diel leit fierder eastlik yn Fenezuëla fan 'e steat Anzoátegui oant Sucre, ynklusyf Margarita Island.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fermiljoenkardinaal is in gewoane fûgel yn drûge lânskippen mei leechhout en kaktussen oant in hichte fan 300 m. Faak wurdt de soarte yn pearkes oantroffen, rjochtop sittend op tûken. It iten bestiet út wringeleazen, fruchtfleis en sied. Allinnich it wyfke briedt de aaien út, mar beide âlders fuorje de jonge fûgels.

De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en nimt in oantallen ôf, mar net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. It fangen fan fûgels om se foar de hannel as fûgelhokfûgel te ferkeapjen hat in negatyf effekt op 'e populaasje. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: