Fermanje fan Hippolitushoef
Fermanje fan Hippolytushoef | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Hippolytushoef | |
adres | Vermaningsteeg 7 | |
koördinaten | 52° 54'N 4° 57'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1861 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 510388 [1] | |
Kaart | ||
De Fermanje fan Hippolytushoef oan 'e Vermaningsteeg is de tsjerke fan 'e minnistegemeente Wieringen. De tsjerke is in ryksmonumint. De tsjerke wurdt ienris yn 'e twa wiken brûkt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids foarmen de minnisten nei de herfoarmen de grutste tsjerklike mienskip fan Wieringen. Wieringen hat wat religy oanbelanget altiten wat in frijsinnich karakter hân en oars as wenst wiene religieus mingde houliken hiel gewoan. Nei alle gedachten wie der al yn 'e 16e iuw in minnistegemeente. Ferdield oer it eilân wiene der trije plakken dêr't de minnisten by inoar kamen: op de Gest by Den Oever, Stroe en krekt eastlik fan Hippolytushoef. Nei't dy fan Den Oever ferkocht waard, bleaune der noch twa fermanjes op it eilân oer. Monumintaal wiene de gebouwen net; de fermanje fan it Wieringer minniste bolwurk Stroe wie net mear as in skuorre mei in reiten tek, ek al krige dy yn 1738 stiennen muorren. Dat tsjerkje stie efter in pleats en doe't de pleats yn 1933 ôfbaarnde, gyng ek de fermanje fan Stroe mei de brân ferlern. Dêrnei hie op Wieringen allinne Hippolytushoef noch in fermanje.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske tsjerke ferfong de earste fermanje fan Hippolytushoef dy't oan 'e Elft stie. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw wie dy tsjerke oan fernijing ta en der waarden al plannen makke om dat út te fieren. Mar in legaat en betingst fan Lijsbeth Veerdig brocht feroaring yn de plannen en ynstee fan renovaasje folge ôfbraak fan de âlde tsjerke oan 'e Elft en in nijbou yn Hippolytushoef. Op 4 septimber 1861 waard troch de pakesizzer fan de dûmny de earste stien lein foar nijbou, dy't noch yn itselde jier yn gebrûk nommen waard.
De tsjerke is yn 'e rin fan de tiid wakker itselde bleaun. Dat jildt net allinne foar de bûtenkant, mar ek oan it ynterieur feroare der net in soad. De brânskildere ramen binne yn 1938 oanbrocht troch de firma Bogtman út Haarlim.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel op de westlike kreake is boud troch Van Dam út Ljouwert en waard op 29 juny 1913 yn gebrûk nommen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|