Fermanje fan Drylts

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dryltster Fermanje
Voorgevels - IJlst - 20119362 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak IJlst wapen.svg Drylts
adres Iegrêft 28
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1857
arsjitekt M.N. Molenaar
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39856
oare ynformaasje
webside Side mennistegemeente

De Fermanje oan de Iegrêft is de tsjerke fan de mennistegemeente fan Drylts.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bakker & Timmenga-oargel

De earste stien foar de sealtsjerke waard op 13 maaie 1857 lein en al op 27 septimber koe de earste tsjinst holden wurde. De klokgevel stiet tusken twa tsjinstwenten (foar de koster en de konsistoarje) efter de roailine efter in hek fan getten izer. Foar de tjerke mei in trijesidich koer waard yn 1857 boud neffens in ûntwerp fan Meinse Molenaar.

Boppe de neoklassisistyske tagong stiet de tekst: Eenheid in 't nodige - Vrijheid in 't onzekere. In alles de liefde.

De tsjerke is yn 1989 restaurearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel waard yn 1881 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud en op 11 desimber 1881 yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: