Ferlytsingswurd
Appearance
In ferlytsingswurd of diminutyf is in wurd dêr't in tafoege efterheaksel oanjout dat it oantsjutten begryp lytser is as it haadwurd. De betsjutting fan it wurd feroaret net.
Yn it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk wurde de utgongen -ke, -je en (t)sje brûkt om ferlytsingswurden te foarmjen.
–ke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- -ke wurdt brûkt as in wurd einiget op b,f, p, m, r of s útgiet
- kaai - kaike -> guon lange klanken kinne ferkoartsje)
- web - webke
- sûkerpof - sûkerpofke
- blom - blomke
- Bysûnder: As in wurd einiget op in lûd (klinker) kin der -ke of -tsje efter komme:
- auto - autoke / autootsje
- buro - buroke / burootsje
- Bysûnder: As in wurd einiget op in lûd (klinker) kin der -ke of -tsje efter komme:
–je
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- -je wurdt skreaun as in wurd einiget op ch/ge, k of ng(e)/nk
- brêge - brechje -> de g feroaret yn ch
- ploech - ploechje
- ring - rinkje
- klok - klokje
–(t)sje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- -tsje wurdt skreaun as in wurd einiget op l of n
- leppel - leppeltsje
- balkon - balkontsje
- -sje wurdt skreaun as in wurd einiget op d of t
- himd - himdsje
- skepnet - skepnetsje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |