Ferkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)

Ut Wikipedy
Ferkundigingskatedraal

Благовещенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Mari El
plak Josjkar-Ola
koördinaten 56° 37' N 46° 54' E
Arsjitektuer
boujier 2010-2014
boustyl Tradisjoneel russyske arsjitektuer
hichte 74 meter
Webside
mari.eparhia.ru
Kaart
Ferkundigingskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Ferkundigingskatedraal

De Ferkundigingskatedraal (Russysk: Благовещенский собор; Blagovesjtsjenski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn Josjkar-Ola (Mari El) yn 'e Russyske Federaasje. De katedraal stiet op it Plein fan de Republyk en de Hillige Jongfaam en waard yn 'e jierren 2010-2014 boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou sette op 29 oktober 2010 útein mei de earste stienlizzing troch de president fan 'e republyk El Leonid Markelov en de aartsbiskop fan Josjkar-Ola en Mari. Model foar de tsjerke stie de Bloedtsjerke fan Sint-Petersburch. Yn 2013 waard de bou fan 'e klokketoer foltôge en de klokken ophongen.

De bou fan 'e tsjerke.

Tsjin it ein fan oktober 2014 waarden de fjouwer koepels mei de krúsen wijd en op 'e tuorren set. Letter waard ek de fyfte sintrale koepel omheech takele en op 'e tsjerke set.

Patriarch Kirill fan Moskou wijde de foltôge tsjerke op 12 juny 2016 yn. Tagelyk waard doe it patriargchale beslút foarlêzen dat de tsjerke de katedraal fan it bisdom Josjkar-Ola wurde soe. De âlde Himelfearttsjerke (Josjkar-Ola|Himelfeartkatedraal waard dêrmei degradearre ta in gewoane parochytsjerke.

De hichte fan 'e katedraal is 74 meter en it gebou biedt plak foar 2000 minsken.

Bylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 waard by de takomstige katedraal in byld set fan Marije mei Bern, folge yn 2011 troch in fontein mei in byld fan de aartsingel Gabriël op it sintrale plak fan it plein by de katedraal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Благовещенский собор (Йошкар-Ола)