Ferkundigingskatedraal (Atene)
| Ferkundigingskatedraal Καθεδρικός Ναός Ευαγγελισμού της Θεοτόκου | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Atene | |
| koördinaten | 37°58' N 23°43' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| wijd oan | iaath.gr | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Theophil Hansen, Dimitrios Zesos | |
| boujier | 1842-1862 | |
| Kaart | ||
De Marije-Ferkundigingskatedraal (Gryksk: Καθεδρικός Ναός Ευαγγελισμού της Θεοτόκου Kathedrikós Naós Evangelismoú tis Theotókou), yn 'e folksmûle de Metropolis (Gryksk: Μητρόπολις Mitrópolis) yn 'e Grykske stêd Atene is de sit fan 'e otterdokse aartbiskop fan Atene. De tsjerke stiet yn it sintrum tusken de Akropolis en it Syntagma-plein.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Grykske revolúsje waard yn 'e jierren 1830-1832 in part fan it hjoeddeiske Grikelân ûnôfhinklik fan it Osmaanske Ryk. Otto fan Beieren waard de nije kening fan it keninkryk Grikelân. Al yn 1833 ferklearre de otterdokse tsjerke fan it lân him autosefaal, dus ûnôfhinklik fan it Oekumenyske Patriarchaat yn Konstantinopel. Kening Otto sette mei in grut bouprogramma yn 'e nije haadstêd útein, dat fral it klassisistyske Grikelân-ideaal neistribbe. Underdiel wie ek in nije katedraal foar de haadstêd fan 'e nei hast 400 jier lange besetting op 'e nij stifte Grykske steat. De earste stien lei de kening yn 1842 en op 21 maaie 1862 waard de katedraal yn bywêzigens fan it keningspear ynwijd.

It gebou rekke yn 1999 by in ierdskodding skansearre en moast dêrnei restaurearre wurde. Rjochts njonken de tsjerke stiet de Panagia Gorgoepikoos, de saneamde Lytse Mitropolis, in byzantynsk tsjerkje út de 13e iuw mei in soad antike muorrereliëfs.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Marije-Ferkundigingskatedraal waard troch Theophil Hansen yn in mingstyl fan romaanske, renêssânse en byzantynske arsjitektuer ûntwurpen. Neidat Hansen Atene ferlitten hie, waarden syn ûntwurpen troch de Grykske arsjitekt Dimitrios Zesos yn Gryksk-byzantynske styl foltôge. Oan 'e útfierinig wurken ek François Boulanger en Panagiotis Kalkos mei. It boumateriaal is moarmer, dat fan 72 ferneatige tsjerken byinoar sammele waard.
De katedraal folget it skema fan in basilyk mei in trijeskippige tsjerke, in dwersskip, in koer en in apsis mei in gevel dy't flankearre wurdt troch twa tuorren. De krusing wurdt bekroand mei in byzantynske koepel.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is ryk fersierd mei fresko's, ikoanen en byldhouwurk. Belangrike hillichdommen binne de skryn fan 'e hillige Filotéa († 1589) en de patriarch Gregoarius V († 1821), dy't as martler foar de frijheid fan Grikelân en de otterdoksy fereare wurdt.
Wichtige barrens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 14 maaie 1962 troude Sofia fan Grikelân yn 'e katedraal mei de Spaanske troanopfolger Juan Carlos de Borbón y Borbón.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Metropolis of Athens fan Wikimedia Commons. |