Ferkearsramp by Prinsenbeek
| Ferkearsramp by Prinsenbeek | ||
| De ravaazje nei it ûngelok | ||
| bysûnderheden | ||
| type ramp | Kettingbotsing | |
| oarsaak | Tichte mist | |
| datum | 25 augustus 1972 | |
| tiid | 5:30 | |
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | ||
| statistiken | ||
| deaden | 13 | |
| ferwûnen | 26 | |
| lokaasje | ||
De ferskearsramp by Prinsenbeek wie in kettingbotsing yn de moarn fan 25 augustus 1972 op de A16 wêrby't 13 minsken om it libben kamen en 26 persoanen ferwûne rekken.
De ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ramp die him foar by tige tichte mist op it stik dyk tusken de Markbrêge en de ôfrit Prinsenbeek. Op dizze fierder ljochte moarn hongen der tichte mistbanken yn it lege lân om Breda hinne. It ferkear kommend fan de heger lizzende Markbrêge ôf ried ynienen yn de mistbank. Der ûntstie op'e hichte fan Prinsenbeek in lytse oanriding tusken in frachtwein en in tankauto, wêrfoar't it efterop kommend ferkear, benammen frachtweinen net mear op 'e tiid remje koene. Oer in grutte ôfstân en op beide rydstripen rieden weinen opinoar yn. Der ûntstiene fûle brannen.
Nei de oarspronklike kettingbotsing rjochting Breda wie ek in kettingbotsing op de oare rydstripe. Op itselde stuit By Zevenbergschen Hoek barde der noch in ûngelok wêrby't twa tankweinen belutsen wiene en ek dêr ûnstie brân.
Belutsen reauwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ferskate ûngelokken op dizze lokaasje wiene 40 persoane-auto's, 14 frachtweinen en fiif tankweinen belutsen. Benammen de lading fan trije fan de tankweinen levere in bydrage oan de omfang fan de ramp, om't brânbere floeistoffen dy't flam fette hiene in grutte brân feroarsaken.
De by de brân belutsen tankweinen wiene:
- in tankwein mei gasoalje (disel) en benzine dy't as earste yn 'e brân rekke;
- in lege tankwein foar it ferfier fan bleekwetter dy't ek hielendal yn'e brân stie;
- In tankwein mei 20 ton tige brânber vinylacetaat, wêrfan't 13 ton yn 'e brân stie. In twadde kompartimint fan 7 ton koe ôfskerme en kuolle wurde.
De oare twa tankweinen wiene folle mei in net-brânbere antyfriesfloeistof en in net-brânbere emulsy fan finylasetaat en wetter.
Oarsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In hommels opkommende mistbank en meardere frachtweinen dy't mei in behoarlike faasje te ticht opinoar rieden, ek wie net daalks dúdlik wat de tankweinen ferfierden. Der waard nimmen ferfolge foar de ramp. Yn de jierren sechstich en santich wiene der in protte deadlike ûngelokken yn it ferkear, pas letter waarden der oanpassingen oan de Nederlânske sneldiken dien, sa kamen der skieden rydstripen en fangrails en waarden gurdles yn auto's ferplichte. Tankweinen waarden tenei sa ûntwurpen dat de lading by in botsing beskerme waard tsjin lekkaazjes en fonkfoarming. Tankweinen en sjauffeurs dy't in gefaarlike lading ferfiere binne oan ekstra strange regels ûnderwurpen. Op dy tankweinen moat mei oranje buorden it stof-identifikaasjenûmer en de byhearrende gefareklasse oanjûn wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
